Slach fan Baduhenna
From Wikipedy
De slach fan Baduhenna fûn plak yn 28 n. Chr. tusken de Friezen en de Romeinen. De Romeinen wurde troch de Friezen ferslein.
[bewurkje seksje] Eftergrûn
In 28 wienen de Friezen yn opstân kaam, fanwege Olennius, de nije lânfâd, die de belestings yngripend ferhege en hurd optrede tsjin de reboelje dy 't hjir it gefolch fan wie.
De Friezen helle in legermacht byinoar en foelen de Romeinen oan by it castellum Flevum, yn de buert fan Felsen. Nei heftige fjochterij koe de ferdigeners mei moaite de Friezen fan harren ôfslaan. Lucius Apronius de befelhawwer fan it Romeinske grinsleger oan de ûnder-Ryn stjoerde mei boaten hastich fersterkingen nei it noarden ta, tenein de opstân del te slean. Doe it leger oankaam yn it gebiet fan de Friezen lutsen dizze harren werom yn it wâld fan Baduhenna. It is ûndúdlik wêr dit bosk lein hat. It fermoeden is by Heiloo, fanwege de ferklearring fan de namme, te witten: Hillich bosk. Seker witte, dogge we it neat. De Friezen wienen neffens de Romeinen yn it foardiel, hja koe it wâld en wienen licht bewapene. De slach yn it wâld rûn út op in grutte oerwinning fan de Friezen. Neffens de oerlevering wurde njongenhûnderd soldaten dea makke en hawwe fjouwerhûnderd elkoar sels fermoarde, omdat sy ferried frezen. De oerlibjenden flechten werom nei it suden. De Romeinen stjoerden gjin strafekspedysje nei de Friezen, wêrtroch de Friezen har frijheid werom wûn ha.
[bewurkje seksje] Boarne
- Tacitus, Annalen, IV 72-74.