Surhústerfean
From Wikipedy
Surhústerfean is ien fan de 12 doarpen fan de Fryske gemeente Achtkarspelen. It doarp hie op 1 jannewaris 2004 5.740 ynwenners.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Surhústerfean is oan it ein fan de 16e ieu ûntstien doe't de earste turfgravers en skippers harren dêr ta wenjen setten.
De namme fan it doarp betsjut letterlik 'Surhuzumerfean', de feangrûnen súdlik fan it tsjintwurdich lytsere, mar âldere Surhuzum.
[bewurkje seksje] Lokaasje
Súdeastlik fan it doarp begjint it âlde rivierke de Lauwers, al is dat yn earsten net mear as in foege sleat.
Tsjintwurdich hat Surhústerfean ekonomysk sjoen in regionale funksje, mei in foech winkelbestân, ferskate hoarekafoarsjennings en in tal yndustriële bedriuwen.
[bewurkje seksje] Bekende Feansters
Jan Hepkes Wouda (1862-1939), ek wol de Feanster liger neamd is ien de bekende eardere doarpsfigueren. Oaren binne Eare Hut en Jantsje Sint, beide yn it doarp suver allinne bekend ûnder harren bynammen.
Ek cda-keamerlid en hurdfytspommerant Joop Atsma is fan Feanster komôf, en dat jildt ek foar de skriuwer/muzikant Meindert Talma.
[bewurkje seksje] Strjitnammen
- De 'Teake Schuilingaleane' fan it doarp hâldt de namme libben fan de Feanster Teake Schuilinga dy't yn de Twadde Wrâldkriich deasketten is.