Teneryf
From Wikipedy
Teneryf (Spaansk: Tenerife) is it grutste fan de Kanaryske Eilannen, mei 812.839 ynwenners en in gebiet fan 2.034 km².
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
Gâns it eilân is fan fulkanyske oarsprong, mar de grutste fulkaan op it eilân is de Teidepyk (Pico de Teide), dy't mei 3717 meter hichte it heechste punt fan de eilannen en ek fan hiel Spânje is. De snie-bedutsen top fan de fulkaan hat it eilân syn namme jûn. Tene-ife wie yn de taal fan de guanches fan La Palma berch-wyt - de wite berch.
Troch de lizzing (28°19 N, 16°34 W), it wetter, en de passaat hat it eilân in lykmjittich klimaat, mei te simmer 25° en te winter 19°. Hjirtroch lûk it eilân in protte toeristen.
[bewurkje seksje] Plakken
It grutste plak op it eilân is Santa Cruz, de haadstêd fan it eilân en fan de Provinsje fan Santa Cruz fan Teneryf. By dizze stêd leit ek it fleanfjild Los Rodeos, dêr't op 27 maart 1977 de Teneryf Fleantúchramp barde, it grutste fleanmasine-ûngemak ea.
Oare plakken op it eilân binne ûnder oaren de eardere haadstêd La Laguna en it doarp Guimar mei de Piramiden fan Guimar.
[bewurkje seksje] Skiednis
Teneryf hat likernôch deselde skiednis hân as de oare Kanaryske eilannen. Op it eilân binne in soad argeologyske fynplakken út de tiid fan de Guanchen, dêr't in protte ynformaasje út ôflaat wurdt. Tenerife wie it lêste Kanaryske Eilân dat syn selstannichens ferlear. Op 25 july 1496 waard it definityf oan Spanje tafoege.