Thiudimir
From Wikipedy
Thiudimir (451-474), wie in Ostrogoatyske foarst.
[bewurkje seksje] Skiednis
Thiudimir wie in fazal fan Attilla en die mei oan de kant fan de Hunnen yn de Slach op de Katalaunyske fjilden. Nei de dea fan Atilla late hy tegearre mei de foarsten Valamir en Vidimir in opstân tsjin de Hunnen dy't sy yn 454 suksesfol fersloege yn de slach oan de Nadao.
Under oanfiering fan Thiudimir ferliet in grut part fan de Ostrogoaten harren wengebieten yn Pannoonje en gongen nei it easten ta. Hjir makke sy in skoftlang it East-Romeinske ryk ûnfeilich mei it hâlde fan plondertochten. Yn 471 waard de stêd Naissus (Niš) beset en fuort dernei makke sy harren master fan fan Neder-Moesië.
Thiudimir wie trouwd mei Erelieva en hie twa bern: Theodorik en Amalfrida. Hy kaam te stjerre yn 474 en waard doe opfolge troch syn soan Theodorik, dy't letter bekend stie as Theodorik de Grutte.
[bewurkje seksje] Literatuer
Hermann Schreiber; de Goten: vorsten en vazallen (1979)