Waling Dykstra
From Wikipedy
Waling Dykstra (14 augustus 1821, Froubuorren - 15 jannewaris 1914, Holwert) wie in Fryske skriuwer, yn de tradysje fan de Halbertsma's, benammen bekend fan it Frysk Winterjûnenocht wermei't hy tegearre mei Tsjibbe Gearts van der Meulen it Frysk toaniel in plak joech yn de Fryske mienskip.
Waling Dykstra waard berne te Froubuorren as bakkerssoan en soe sels it fak ek leare. Al rillegau kaam hy der efter dat dat syn ropping net wie. Yn 1853 die hy de bakkerij oan kant. Hy wie doe al jierren dwaande mei it skriuwen fan fersen en artikels en geandewei waard dat fan tiidferdriuw syn berop en breawinning. In grut literator soe Dykstra nea wurde, mar syn populêre wurkjes hawwe in grutte bydrage levere oan it brûken fan it skreaune (en songen) Frysk.
Waling Dykstra is benammen ek bekend fan it Fryske Winterjûnenocht dêr't er mei ferskate maten 25 jier lang de doarpen yn Fryslân mei bereizge, om sa it Frysk toaniel ûnder de minsken te bringen.
Waling-om sa't Dykstra ek wol neamd waard, wie ien fan de mannen fan de earste oere fan de Fryske beweging.
[bewurkje seksje] Bibliografy
In wiidweidige bibliografy stiet yn "Waling Dykstra, syn libben en wurk" (1949)
- De Fryske Thyl Ulespegel of De wonderlike Libbenskiednis fen Hantsje Pik 1908
- De silveren rinkelbel - 1950
- De Fryske Thyl Ulespegel - 1953
- Uit Frieslands Volsleven - 1970
- Friesch Woordenboek - 1971
- In dei fan plezier (ferhalen) - 1971
[bewurkje seksje] oer him en syn wurk
J.W. Dykstra (1949) J. Piebenga (1957) J.J. Kalma en S. Sybrandy (1970)