Meidogger:Yn 'e Wâlden
From Wikipedy
Om my foar te stellen soe ik my it bêste sa omskriuwe kinne. Ik bin in Frysktalige Nederlanner mei iepen each foar Europa. Lyk as in soad oare Friezen span ik my yn foar it Frysk. Tsien jier tebek bin ik stiper wurden fan de Fryske Beweging. Sa't út ús lytse pinnestriid bliken die, ken ik de bewegers-arguminten. Mar by eintsjebeslút kies ik foar de taalarguminten. Dat ik der dan fierder folút yngean is wol wer bewegerseftich, tinkt my.
Op dit stuit hâld ik my op útnoeging fan in wurkgroep dwaande mei it oersetten fan in tapassingsprogramma fan Windows. Sy hoopje dat it oan 'e ein fan 2004 oant yn 'e lytste doarpkes fan Fryslân lizze sil. Jimme sjogge ik mei ek graach krytogrammen meitsje.
Eins by tafal set ik my yn foar it wurd "triem" foar it Ingelske "file". Eltsenien ken wol de sfear fan in gearkomste fan in doapsbelang, dêr't net de arguminten mar de grutste roppers en razers harren gelyk helje. Soks oerkaam my ferline jier, doe't ik mei "triem" [wy brûkten it al in pear jier] myn holle boppe it meanfjild útstuts. It wie frij skoppen fansels mar taalkundige arguminten ho mar. Dêrom haw ik besletten dat soks sa net wêze soe en fan dat momint ôf set ik my der foar yn. In beweger dy't foar in taalargumint giet is it aardich...
Wat is of better wêrom triem [file]?
No’t de earste kjeld fan ‘e pinnestriid wat út ‘e loft is, sil ik hjir myn arguminten jaan, dy’t laat hawwe ta it brûken fan “triem” foar it Ingelske “file”. Doe’t ik yn 1996 begûn mei it sammeljen en oersetten fan kompjûterbegripen út it Ingelsk wei nei it Frysk ta, haw ik de earste jierren wurke mei de oersetting “file-bestân”. Ik krige al gau it idee dat it in rare keunstgreep wie, mei om’t it Fryske "bestân" in oare en folle beheindere betsjutting hat as it Nederlânske "bestand". De betsjutting dy’t ik nedich hie, joech it Wurdboek fan de Fryske Taal net. Mar jo binne tûk, jo hingje noch mar wer in homonym oan "bestân". Starichoan waard my dúdlik wat der mis wie. Ik moast net fia it Nederlânsk, mar streekrjocht út it Ingelsk/Amerikaansk wei nei it Frysk. Der is ek sa’n spultsje. Jo lústerje jo buorman/frou in wurd yn en hy/sy jout it troch en sa mar troch, en oan de ein liket it wurd yn ‘e fierste fierte net mear op it wurd dat jo as earste jûn hawwe.
Doe’t helder waard dat it by it Ingelske kompjûter “file” om in oardere rige kompjûterkoades gie - sis mar nullen en ienen - koe ik op syk nei in Frysk wurd mei inselde soarte betsjutting en kaam út by “triem”. Hjir wurdt ek dúdlik wat der mis is mei it Fryske “bestân” en wat minder mei it Nederlânske “bestand”. Ommers dy twa binne mannichtewurden [hoeveelheid - Ned.] en se misse de oardering fan de rige fan “file”. De kompjûter soe der mar raar yn hingjen bliuwe, as sa'n oardering ûntbrekt.
Sa stean oan ‘e ein twa wurden foarinoar oer. Myn keunstmjittige homonym “bestân” en de streekrjochte-oersetting “triem”. Doe’t ik in pear dagen mei it begryp "triem" boarte hie, wist ik dat ik “goud” hie en in hiel grut probleem. It probleem dat guon Friezen leaver foar brûns of minder gean as se dêr de noch-net-Frysktalige Fries mei yn ‘e .... krûpe kinne. Ut earder diskusje op it web die bliken dat der mar ien tsjinargumint brûkt waard: it wurd “bestân” liket o sa moai op it Nederlânske “bestand”. Ik haw der foar keazen om mei de streekrjochte-oersetting “triem” te wurkjen en in skoftke lyn guon minsken op basis fan arguminten frege soks ek te dwaan. En noch gjin heal jier letter docht bliken dat it wurd “triem” rûnsjongt en wier se leauwe my net op myn moaie blauwe eagen.
In âlde taal fan fiskers en boeren, mei antwurden op moderne begripen liket my krekt in rykdom ta.
Ik haw ek hiel lang tsjin it brûken fan 'triem' west. It is wurdsjebakkerij. Mar 'triem' liket stadichoan foet oan 'e grûn te krijen. Wy binne der noch net, mar it soe wolris gewoan wurde kinne. Ik soe dan ek sizze: lit elk foarearst dat wurd brûke dat him it gaadlikste taliket.
Op 'e Klaai
Goeie, om in nije side te meitsjen: kontrolearje oft de side faaks al bestiet troch de (krekte) titel fan it oan te meitsjen artikel yn it sykfjild te setten en klik op side. As der noch net in artikel mei dy titel bestiet, meitsje dan earne op in besibbe side in ferwizing nei it nije artikel, bygelyks: Ried fan de Fryske Beweging. ôfhinklik fan dyn persoanlike ynstelling fan de Wiki, ferskynt dan yn de tekst in reade link of in fraachteken efter de titel. Klik dan op de ferwizing of it fraachteken om in nij artikel te begjinnen. Op de haadside steane in tal ferwizings dy't dy fierder helpe kinne. Sukses! B.