A32
From Wikipedy
De A32 is in autodyk, fan Meppel oer It Hearrenfean nei Ljouwert.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
It earste fak dat iepene waard wie 31 desimber 1953 fan Knooppunt It Hearrenfean oant Haskerdyken. Yn de rin fan 50 jieren binne ek de oare parten iepensteld. Yn 2000 waard it Knooppunt It Hearrenfean fan in rotonde feroare yn in klaverblêd.
[bewurkje seksje] Knooppunten
De A32 begjint by it Knooppunt Lankhorst dêr't er oanslút op de A28 nei it suden, nei Swol. By It Hearrenfean leit tusken ôfslach 12 en 13 it Knooppunt It Hearrenfean, mei ferbining mei de A7, nei de Jouwer en nei Drachten. De A32 eindiget by Wurdum, dêr't de wei as de N32 fierder giet nei Ljouwert.
[bewurkje seksje] Ofslaggen
- Meppel-Súd
- Meppel
- Meppel-Noard
- Havelte
- Havelterberg
- Stienwyk
- Stienwyk-Noard
- Wolvegea
- Teridzert
- It Hearrenfean-Súd
- It Hearrenfean
- It Hearrenfean-Sintrum
- Akkrum
- Grou
- Reduzum
[bewurkje seksje] Akwadukten
Fan Akkrum nei Grou giet de A32 ûnder twa akwadukten troch. Earst it Leppe-akwadukt; foar de Boarn, en dan it Akwadukt Mid-Fryslân foar it Prinses Margrietkanaal.