Aaistokkanker
From Wikipedy
Aaistokkanker is kanker fan de aaistokken (NL:eierstokken, Ing:ovary). Hjirby sit der yn de aaistokken in swolm (Lat:Tumor). De aaistokken wurde tegearre mei de aailieders (NL:eileiders, Ing:Fallopian tubes) en baarmem (NL:baarmoeder, Ing:Uterus) by de ynwindige froulike geslachtsorganen rekkene. De funksje fan dizze organen binne opslach fan aaisellen en produksje fan froulike hormoanen. Neidat de aaisprong west hat kin der befruchting plakfine mei in siedsel fan de man.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
Aaistokkanker komt net in hiel soad foar, mar is wol tige deadlik. Yn 2000 kamen der yn Nederlân 1.100 nije pasjinten mei aaistokkanker foar. Fan dizze 1.100 pasjinten sille der wol 900 komme te stjerren. Aaistokkanker is dêrmei dan ek de grutste deadsoarsaak fan alle froulike gynekologyske kankersoarten.
[bewurkje seksje] Risikofaktoren
Aaistokkanker is in sykte dy't foaral foarkomt by âldere fruolju. Froulje dy't de menopauze al hân ha en âlder binne as 60 jier ha de measte kans op dizze foarm fan kanker. Der binne in tal risikofaktoren (saken wêrtroch de ien mear kâns hat op it krijen fan in sykte dan in oar dy't dy saken net hat.). De wichtichste kinne ferdield wurde yn saken dy't te krijen ha mei at der aaisstokkanker yn 'e famylje foarkomt en at der bepaalde genetyske ôfwikings binne. Wannear't aaistokkanker of boarstkanker by 2 of mear earstegraads famyljeleden (mem, suster) foarkomt, is de kâns op aaistokkanker grutter. Datselde jildt at der mutaasjes fan it BRCA1 en BRCA2 gen bestiet by in frou. Dizze froulju ha in ferhege kâns op it krijen fan aaistok- en boarstkanker. Dêrneist binne der famyljes dy't erflik belêste binne mei in hegere kâns op it krijen fan kanker yn 't mage-term stelsel en de aaistokken. Dit wurdt HNPCC neamd (Ing:HNPCC= Hereditary Non-Polyposis Colon Carcinoma) Neist dizze risikofaktoren binne der ek noch in tal dy't net erflik bepaald binne. It blykt dat froulju dy't langer as 3 jier 'de pil' brûkt hawwe en dy't meardere bern krigen ha, foaral foar it 25e libbensjier in lytsere kâns ha op aaistokkanker. Yn stelling ha dy froulju dy't gjin bern krigen ha of bern krigen nei it 35e libbensjier in gruttere kâns. Dit alles hat te krijen mei it tal aaisprongen, hoe minder aaisprongen, hoe better. Fan oare faktoaren is it minder dúdlik oft de kâns tanimt. It liket dat troch it gebrûk fan talkpoeier yn it fagina gebiet, roken, drankgebrûk en fet iten de kâns op aaistokkanker ek tanimt.
[bewurkje seksje] Klachten
In frou fielt yn it begjin hast net dat se siik is. Foardat der symptomen ûntsteane is de sykte al safier tanommen dat de kâns op better wurden hiel lyts is. Aaistokkanker wurdt dêrom ek wol 'de Stille Frouljus Deader' neamd (Ing:Silent Lady Killer). Klachten ûntsteane at de tumor bûten de aaistokken groeit rjochting liifmoer en terms. Ek kin de kanker him troch it bloed (útsieddings) en lymfebanen ferspriede troch it hiele lichem. Trochdat de tumor op de termen drukke kin, binne de klachten dy't oanstean faaks wat ûndúdlike termklachten bygelyks gau in fol gefoel, net sin yn iten, mislik en moaite mei of krekt faker poepe. Mar omdat de tumorsellen fia it bloed ek yn de longen en lever komme kinne, kinne hjir ek klachten ûntstean.
[bewurkje seksje] Diagnoaze
Aaistokkanker is in tige deadlike foarm fan kanker. It is dêrom tige wichtich dat de dokters goed yn kaart brocht ha hoe útwreide oft de kanker is, dat wol sizze hoe grut de kanker is en wêr't it allegear presys sit. Sit it allinnich noch mar yn 'e aaistokken of is it al grutter, groeit nei de termen of fia it bloed nei de longen streamt. Om dit alles dúdlik te krijen wurde froulju dy't fertocht wurde fan aaistokkanker opereare. Meastal wurdt der in laparotomy operaasje dien, wêrby't de búk iepen helle wurdt om sa in goed byld te krijen fan de búkynhâld. Oan de hân fan it FIGO (Ing:International Federation of Gynecological Oncologists) klassifikaasje systeem wurdt dan bepaald yn hokker stadium de kanker him befynt. It stadium seit nammentlik in protte oer wat foar behandeling plakfine moat en wat de kânsen binne op better wurden. Foardat men operearre wurdt wurdt der bloed ôfnommen om in bepaalde tumor merker (in stofke yn it bloed dy't oanjout at der wol of net kanker oanwêzich is) CA-125 te mjitten. Dêrneist wurdt der in echogram fan de tumor makke. It FIGO klassifikaasje systeem ferdielt de aaistokkanker yn betide en útwreide kanker. Dat docht it op basis fan de útwreiding, at it yn ien of twa aaistokken sitte of dat it fjirder groeid is. Hjirûnder stiet it FIGO skema dat sûnt 1987 yn gebrûk is.
Stadium
- I - Tumor is beperkt oant de aaistokken
- A - Ien aaistok is oandien en der is gjin ascites+, tumorkapsel is hiel, gjin tumorweefsel bûten it kapsel.
- B - Twa aaistokken binne oandien en der is gjin ascites, tumorkapsel is hiel, gjin tumorweefsel bûten it kapsel.
- C - Ien of twa aaistokken binne oandien en der is wol ascites of kapot tumorkapsel of tumor bûten it kapsel of kweade sellen yn de búkholte ûnder de operaasje.
- II - Trochgroei fan de tumor bûten de aaistokken
- A - Trochgroei oant liifmoer of aailieder.
- B - Trochgroei nei oare struktueren yn it lytse bekken ++.
- C - Stadium IIA of IIB mei ascites of stikken tumorkapsel of tumor bûten it kapsel of kweade sellen yn de búkholte tidens de operaasje.
- III - Trochgroei fan de tumor bûten lytse bekken
- A - Mikroskopysk lytse trochgroei mar gjin tumor yn retroperitonale lymfeklieren
- B - Trochgroei <2sm en gjin tumor yn retroperitonale lymfeklieren
- C - Trochgroei >2sm of tumor yn retroperitoneale lymfeklieren
- A - Mikroskopysk lytse trochgroei mar gjin tumor yn retroperitonale lymfeklieren
- IV - Trochgroei bûten de búkholte, bygelyks nei de longen of lever
+ ascites is focht yn de búkholte (peritoneale holte) wat faaks ûntstiet by kanker fan mage-term stelsel.
++ lytse bekken is it ûnderste diel fan it bekken wêr't de aaistokken, aailieders en liifmoer har yn befine. Ek de blaas en in diel fan de dikke term lizze hjiryn.
[bewurkje seksje] Behanneling
Neidat de stadiëring dien is wurdt oan de hân hjirfan de behanneling bepaald. Yn de measte gefallen betsjut dit dat beide aaistokken, beide aailieders en liifmoer weihelle wurde. Dêrneist wurde ek faaks omlizzende oandiene organen meinommen. It giet dan om in diel fan de term en om it búkskelk (Lat:omentum) omdat hjiryn faaks útsieddings sitte fan de tumor. Dit type operaasje, wêrby't sa folle mooglik tumor weihelle wurdt neamt men debulking. Allinich by fruolje wer't de tumor lyts is en noch net trochgroeit is nei oare organen (FIGO Ia) en at se noch in bernwinsk ha, bliuwt de operaasje beperkt oant ien aaistok en ien aailieder. Dizze fruolje bliuwe wol ûnder kontrolle by de gynekolooch omdat de kans op it krijen fan aaistokkanker oan'e oare kant ferhege is. Neist dizze operaasje is der faaks gemoterapie nedich. Allinich fruolje by wa alle tumor fuorthelle is tidens de operaasje of de resttumor lytser is dan 2 cm en de stadiëring leech wie, hoeche gjin gemoterapie te krijen. Yn de measte gefallen wurdt der wol gemoterapie joen. Begun wurdt mei 6 kear, om de 3 wike in kuur te jaan wer't sa wie sa in platina stofke yn sit. Earste kar is carboplatine yn kombinasje mei paclitaxel. Oare kombinaasjes mei bygelyks cisplatina en cyclofosfamide binne ek mogelik, mar fanwege ferfelender bywurkings is dit net mear earste kar. Undanks dat der in goeie reaksje is op dizze medisinen, komt it hiel faak foar dat de kanker wer de kop op stekt en dat der wer in nije operaasje en gemoterapie nedich is. At in frou binnen 6 maand nei gemoterapie ope nij kanker krijt, kin se net wer behannele wurde mei carboplatine of cisplatine. De tumor is resistint foar dizze medisinen. Der wurdt dan oergien op oare medisinen, bygelyks op'e nij paclitaxel, taxolol of topotecan. Dit kin sich in oantal kear herhelle en der kinne dus meardere kearen start wurde mei in nije kuur. Omdat de kâns op folledich herstel lyts is, is de behanneling rjocht op palliaasje.
[bewurkje seksje] Prognoaze
Undanks dat der ferbeterringen binne yn de behânneling en dermei de prognoaze better wurdt, bliuwt de kans op folledich herstel lyts. De leatste jieren is der ferbettering yn prognoaze. Wie de fiif jiers oerlibbing foar alle aaistokkanker yn 1990 noch 41,6%, yn 2001 wie dit 49,7%. De slechste prognoaze ha fruolje mei let stadium aaistokkanker. De fiif jiers oerlibbingskans sakket dramatysk foar stadium IIIa oant stadium IV fan 46,7% oant 18,6%. Pasjinten mei betide aaistokkanker (FIGO I-IIa) ha in folle bettere prognoaze. Hun oerlibbingskansen wikselje fan 70-90%.
[bewurkje seksje] Boarnen
1. Visser O. incidence of cancer in the Netherlands 1999/2000. Utrecht:Vereniging van Integrale Kankercentra.2003.
2. Cannistra SA. Cancer of the ovary. N Engl J Med. 1993;329:1550-1559
3. Guppy AE, Nathan PD, Rustin GJ. Epithelial ovarian cancer: a review of current management. Clin Oncol (R Coll Radiol).2005;17:399-411.
4. Heineman MJ, Bleker OP, Evers JLH et al. Oncologie. Obstetrie en gynaecologie; De voortplanting van de mens. Elsevier Gezondheidszorg. 2001:636-643.
5. Heintz APM, Odicino F, Maissoneuve et al. Carcinoma of the ovary. Int.J.Gynaecol.Obstet. 2006;95 Suppl 1:161-192.