Acid house
From Wikipedy
Acid House is in muzykstreaming dy't yn de jieren '80 yn Chicago furoare makke, en oan de basis leit fan frijwol alle ûnderstreamings fan de housemuzyk.
DJ Pierre ûntdekte earder tafâllich dât syn Roland TB-303 synthesizer frjemde lûden produsjearre at de batterij leech wie. Mei deselde lûden makke hy de earste Acid House tracks, dat wie yn 1985. De namme "Acid" verwiist nei de slang-beneaming foar LSD, omdat de musyk hiel frjemd en ferfoarme klonk, krekt lyk as je oan't trippen binne. Het sjânre pikte in jier letter langsummon oan. De sjânrenamme wie op dat momint noch allinne Acid, mar yn Jeropa wie dizze beneamming al bekend as sammelnamme foar de Techno, Electro, Electronic Body Music en House musyk.
Letter makke it sjânre de oerstek nei Grut-Brittanje, dêr't yn 1988 de twadde 'Summer of love' plakfûn, mei grutske iepenloft 'raves'. De smiley waard it simboal foar de Acid House, en yn dy tiid krige it sjânre ek de fêste namme "Acid House". Yn Dútslân ûntstie ûndertusken in fariant mei Techno lûden: de Rave. Rûn dy tiid waard dat lykwols noch gewoan Acid House neamd.
[bewurkje seksje] Belangrike artysten
- 808 State
- Phuture
- Josh Wink
- A Guy Called Gerald
- Fast Eddy
The Acid House is ek de titel fan in roman fan Irvine Welsh, en is letter ek noch verfilme.