Afke Kuipers
From Wikipedy
Afke Kuipers (Mantgum, 10 july 1988) is in talentfolle keatster út Mantgum. Mei yngong fan it keatsseizoen 2007 keatst sy yn de dames haadklasse fan de KNKB.
Afke Kuipers keatst sûnt har njoggende jier foar KF Jacob Klaver út Mantgum. Har earste grutte sukses wie de twaddepriis op de skoalfamkesbûn yn 2002 mei Thalia Reitsema en Riemke van der Zee. Yn 2005 waard mei it selde partoer de earste priis wûn op de Bûnswedstriid by de famkes. Dat selde jier waard de tredde priis behelle op de Ald Meiers partij yn Hitsum. Yn har earste jier by de damessenioaren wûn sy mei Jindra ten Kate en Anna-Lynn Wijbenga de tredde priis op de Froulju's PC yn Weidum en behelle sy 15 haadklasse punten.