Bernlef (brassband)
From Wikipedy
Bernlef is de namme fan de kristlike brassband fan Noardburgum.
De leden fan de band komme benammen fan Noardburgum en omlizzende doarpen. De muzyk fan de brassband is yn dit doarp te beharkjen tidens û.o. tsjerketsjinsten en it jierlikse donateurskonsert. Bûten it doarp docht Bernlef mei oan konkoersen en festivals; lykas de Nederlânske Brassband Kampioenskippen, it Gouden Spikerfestival en Brassband Festival Fryslân.
De dirigent fan de brassband is Hille van Hijum.