Burmaniapartij
From Wikipedy
De Burmaniapartij is in keatspartij foar jonges fan 14 oant 16 jier dy't sûnt 1930 troch de Ljouwerter keatsferiening LKC organisearre wurdt. It is nei de Freule de wichtichste keatspartij yn de jongeskategory.
Tsjintwurdich wurdt de keatspartij op Sonnenborgh spile, earder wie in wenst om de partij op it Burmaniaplein te ferkeatsen. De partij is meastentiids in útnoegingspartij foar ôfdielings fan de KNKB, mar wurdt ek wol spile as gewoane útnoegingspartij.
It is mar ien keatser slagge om de partij trije kear te winnen, nammentlik de Wytmarsumer Jacob Zaagemans in 2001, 2002 en 2003.