Chris Wassenaar
From Wikipedy
Chris Wassenaar (Tsjummearum 27 febrewaris 1973) is in ferneamde keatser út Minnertsgea. Yn syn jonges- en junioaretiid keatste Wassenaar foar de CFK. Sûnt 1994 keatst hy op it heechste nivo by de KNKB.
Chris Wassenaar, dy't ek wol de "Reus fan Minnertsgea" neamd wurdt, wûn 3 kear de PC (1997, 2001 (K) en 2005 (K)), en wie fan 2000 oant en mei 2003 klassemintswinner. Yn 2005 wie hy opppermachtich yn de haadklasse en wûn hy op'e nij it punteklassemint mei in puntetotaal fan 80. Allinne Johannes Brandsma (98 punten yn 1982) en Piet Jetze Faber (83 punten yn 1984) hawwe ea yn ien jier tiid mear punten byïnoar slein. Fan 1998 ôf einige hy elts jier yn de top trije fan it klassemint. Yn it ivich klassemint stiet Chris Wassenaar op it ein fan 2005 mei 512 punten op it 16e plak en is dêrmei de bêst klassearre aktive haadklassekeatser.