Cor-ten Stiel
From Wikipedy
Corten stiel is in koperhâldende stielsoarte. De sterkte is te fergelykjen mei dy fan oare legearde stielsoarten.
[bewurkje seksje] korroazje bestindichheid
De rustkleurige oksidehûd skermet it djipperlizzende materiaal ôf fan soerstof, wêrtroch't de oksidaasje sterk fertraget, alhoewol't yn holtes dy't fol steane mei wetter de korroazje trochgiet.
[bewurkje seksje] tapassing
Corten stiel wurdt tapast yn de skipsbou- en de (offshore-) yndustry fanwege de korroazje bestindichheid. Dêrby makket Corten stiel opgong yn de wrâld fan keunst en arsjitektuer. Dat de rustkleur fan de oksidehûd op den duer de omjouwing ferkleuret wurdt yn it algemien as in oerkomlik probleem beskôge. De ôfbylding toant in foarbyld fan de tapassing fan corten stiel yn de arsjitektuer: de foargevel fan it Jopie Huisman museum yn Warkum.