Cornelis Bernardus Buijs
From Wikipedy
Cornelis Bernardus Buijs (Ljouwert, 25 maart 1808 - Grins, 27 febrewaris 1872) wie in 19e ieuske skilder. Buijs wie in learling fan Eelke Jelles Eelkema, Otto de Boer en Willem Bartel van der Kooi. Hy skildere benammen yn Grins en Amsterdam. Yn Grins joech Buijs prifeeles oan de jonge Jozef Israëls, dy't letter in foaroansteand lid fan de Haachske Skoalle wurde soe.
Buijs stie bekend as in saneamde sjânre-skilder mar makke ek wol portretten en stillibbens.