Dieuwke de Graaff-Nauta
From Wikipedy
Dieuwke IJtje Willemke (Dieuwke) de Graaff-Nauta (22 maaie 1930 yn Snits) wie tusken 14 july 1986 en 27 maaie 1994 foar it CDA Steatssiktaris fan Binnenlânske Saken yn it Kabinet-Lubbers II en it Kabinet-Lubbers III. Dêrnei folge hja yn it kabinet Lubbers III foar koarte perioade (oant 22 augustus 1994 ) Ed van Thijn as Minister van Binnenlânske Saken op. Eardat hja troch de destiidske formateur Lubbers nei Den Haach helle waard wie hja fan 1962 ôf aktyf yn de provinsjiale polityk in Fryslân as lid fan de Provinsjale Steaten en lid fan de Deputearre Steaten. Hja hat ek gemeenteriedslid en wethâlder in Snits west.
Har foargonger as steatssiktais fan Binnenlânske Saken wie Marius van Amelsvoort (CDA) yn it earste kabinet Lubbers en hja waard yn l994 opfolge troch Tonny van de Vondervoort ( PvdA) en Jacob Kohnstamm ( D66 ) yn it kabinet Kok I.
As minister fan Binnenlânske saken waard se destiids opfolge troch de VVD-er Hans Dijkstal (Kok I)
Nei har perioade as minister wie hja foarsitter fan in kommisje dy't ûndersyk die nei finansjele affêres om ynsamlingsaksjes dêr't Tara Singh Varma by belutsen wie.