Doarp Grou
From Wikipedy
Doarp Grou is de namme fan it skûtsje dêr't de Stifting Kommisje Skûtsjesilen Grou sûnt 1958 mei útkomt yn de SKS-silerij. It skûtsje is boud yn 1909 op de Skipswerf De Piip fan Roorda yn Drachten.
Skipper op it Doarp Grou is sûnt 2005 Douwe A. Visser fan Snits, dy't yn syn earste jier as skipper fuort kampioen waard. Earder stiene trije generaasjes Mink oan it roer. De meast suksesfolle skipper foar Grou wie Ulbe Zwaga dy't mar leafst sân kear de kampioenswimpel yn top hie.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |