Eise Eisinga
From Wikipedy
Eise Eisinga (* 21 febrewaris 1744, Dronryp - † 27 augustus 1828, Frjentsjer) wie in amateur astronoom en skepper fan it planetarium yn Frjentsjer.
Eise Eisinga wie wolkjimmer en amateur astronoom. Doe't op 8 maaie 1774 Merkurius, Fenus, Mars, Jupiter en de Moanne tegearekamen, skreau de Leeuwarder Courant oer in boekje dat foarsei dat dy gearstand de ein fan de wrâld wêze soe. Dêr kaam panyk fan, dat Eisinga woe de lju fan Frjentsjer sjen litte krekt wat in gearstân fan planeten wie. Hy begûn de bou fan in planetarium yn syn hûs.
It planetarium waard sa grut dat Eisinga it yn syn hûs ynboude. Yn 1781 wie er ree mei de bou. Sûnt dy tiid jout it planetarium de stân fan de planeten oan. It hûs waard yn 1826, foar syn dea, koft troch it ryk, en is no it Eise Eisinga Planetarium. It planetarium rint hieltiid noch.
De skriuwer Piter Terpstra hat in roman oer it libben fan Eise Eisinga skreaun mei de titel Wolken en stjerren.