Fatikaanstêd
From Wikipedy
|
Fatikaanstêd (Italjaansk: Città del Vaticano) is it lytste ûnôfhinkelike lân yn de wrâld en foarmet it territoarium fan de Hillige Sit. It dwergsteatsje is yn 1929 ûntstien, nei konflikten tusken de pausen en Itaalje. Der wenje likernôch 890 minsken op in gebiet fan 0,44 km², mar der komme deis tûzenen toeristen. Fatikaanstêd sels wurdt hielendal omsletten troch de stêd Rome; ta it grûngebiet fan de steat hearre fierder inkele plakken yn Rome en it simmerferbliuw fan de paus yn Castel Gandolfo. Belangrike toeristyske attraksjes binne de Sint Pitertsjerke, de Sikstynske Kapel en it Fatikaansk Museum.
In lân hat yn plysjetsjinst besteande út Switsers, de Switserske Garde, dy in oerbliuwsel is fan it oarspronklike leger fan de Paus. Nei't sein wurdt, is it tradisjonele unifoarm fan de garde ûntwurpen troch Michelangelo.