Fjoertûfke
From Wikipedy
Fjoertûfke | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() |
||||||
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Regulus ignicapillus |
It Fjoertûfke (Regulus ignicapillus) is in lytse fûgel dy't yn Jeropa foarkomt.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Taksanomy
It skaai fan de Goudtûfkes waard fanâlds altyd by de Sjongers yndield, mar tsjintwurdich wurde se faak yn in aparte famylje (Regulidae) set.
De Fjoertûfkes op Madeira, earder in ûndersoarte fan it Fjoertûfke, wurde tsjintwurdich as aparte soarte sjoen, it Madeira Fjoertûfke (Regulus madeirensis).
[bewurkje seksje] Foarkommen
It Fjoertûfke is sa'n 9-10 sm grut en krekt wat grutter as it Goudtûfke. It uterlik komt oerien mei it Goudtûfke, mar foaral it gesicht ferskilt. It Fjoertûfke hat in opfallende swarte streek troch it each mei derboppe en derûnder in wite streek, wylst it Goudtûfke der gjin dúdlike tekening hat. Ek hat it Fjoertûfke op it skouder brûnskleurige fearren dy't by it Goudtûfke ûntbrekke.
It Madeira Fjoertûfke hat in langere snaffel, de oranje krûn is wat minder fel en de wite streek boppe de eachstreek is langer.
[bewurkje seksje] Fersprieding
It Fjoertûfke komt yn grutte parten fan Midden- en Súd-Jeropa foar, harren libbensgebiet leit wat súdliker as dat fan it Goudtûfke. Fierder komme se ek foar op Madeira en yn Noard-Afrika . Se binne meast te finen yn mingde bosken of nuddelbosken, se binne miskien wat minder bûn oan de nuddelbosken as it Goudtûfke. Lykas by it Goudtûfke binne de noardlikste fûgels trekfûgels.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
It Fjoertûfke makket in bolfoarmich nêst fan moas mei in lytse yngong oan de boppekant. It wyfke leit twa kear aaien dy't se yn twa wike útbriedt. De jongen binne nei sa'n 19-20 dagen grut genôch om út te fleanen.