Flevum
From Wikipedy
Flevum wie in Romeinsk fort (Latynsk:Castellum). It wie ien fan de ferskate militêre festerkings dy't de Romeinen yn Nederlân bouwden oan de Ryn om de noardgrins fan harren ryk te ferdigene tsjin yndringers.
[bewurkje seksje] Lokaasje
It castellum Flevum wurdt sawol neamd yn'e skriften fan Ptolemaeus as by Tacitus, mar de krekte lizzing is noch hieltyd net bekend. Tiidens de opstân fan de Friezen yn 28 spile it fort in wichtige rol. De militêre bestjoerder Ollenius moast him hjir doe mei syn troepen werom lutzen . It wald fan Baduhenna der't letter de fjildslach plak fûn tusken de opstannige Friezen en Romeinen moat hjir yn'e omkriten lein hawwe.
In oantal lokaasjes komme yn oanmerking foar Flevum, dat binne de plakken Grins, Castricum, Grebbe en Velzen. Hjirfan lykt Velzen wol de beste kandidaat. Tiidens ûnderhâld besigheden oan de Velsertunnel waarden resten fûn fan in Romeinsk fort. Fynsten dogge bliken dat dit it fort soe kinne wezen.
Guon skiedkundigen (û.o. Morel) giene der fan ut dat by Velzen twa castellums west hawwe. It aldste wie fan 16 oant 28 beset en nei in koarte ûnderbrekking troch de Frsyke opstân waard flakby in twadde fort boud, dat oan likernôch de helfte fan de 1e ieu in brûk bleau.
[bewurkje seksje] Literatuer
- W.A. van Es en W.A.M. Hessing, Romeinen, Friezen en Franken in het hart van Nederland, 1994, side 37.