Forsite
From Wikipedy
Forsite of Forseti is in Fryske god. Oer syn krekte pleats yn de Fryske mythology is net mei sekerheid te sizzen. Der wurdt oannommen dat dizze god yn ferban stie mei de rjochtspraak. Yn de Noarske mythology wie inselde god Forsite. Guon tinke dat dizze god syn wei fûn hat fia de hannel oersee nei Skandinaavje. Om it jier 700 hinne wienen der sterke kulturele bannen tusken it Fryske folk en Sud-Noarwegen dat de Forsite-kultus him noardwaarts nei de Oslofjord ta ferbreidzje. (Vries, J. de, Altgermanische Religionsgeschichte, band II, Berlin, 1957).
De namme hâld ferban mei it Fryske (of algemien Germaanske) wurd foar 'foarsitter'.
[bewurkje seksje] De sage fan de tolfe asega's
De bysondere betsjutting fan Forsite foar de Friezen bliikt wol út de sage weryn ferhaald wurdt op hoeke wize keizer Karel de Grutte de Friezen harren frijheid joech op foarwaarde dat sy harren gewoanterjocht mei alle regionale fariaties kodifisearden.
It kodificeren fan it Fryske rjocht waard opjoen oan tolve asega's, Fryske rjochters. Sy slagge der jier nei jier net yn om it foar mekoar te krijen en de lulke keizer stelde harren doe in ultimatum: yn in sekere tiid moasten sy it wurk ôfmakke, oars soenen sy op in skip op see setten wurden sonder roer en sylen. Lykwols koene sy it fryske rjocht net op tiid klear hawwe en de straf waard utfuore. It skip kaam yn in swiere stoarm tarjocht en de tolve rjochters tochten dat se net lang mear te libben hienen, doe sy in trettjende man oan board seagen, dy it stjoerlease skip op netferklearbare wize nei de kant stjoerde. Dit wie de Fryske god Forsite. Oankommen oan lân, sloech Forsite mei syn staf op'e grûnd en op dy pleats ûntsprong in boarn. Forsite noagje de tolve rjochters út om de boarn hinne pleats te nimmen. Sels gong er op in grutte stien sitte en diktearde de rjochters ferfolgens it Fryske rjocht. Dermei koenen dizze feilich werom komme by de keizer.
[bewurkje seksje] Frieske ferwizings nei Forsite
Fan ferskate pleatsen wurd sein dat sy it toneel fan de fergadering ûnder leiding van Forsite west is. Bekende pleatsen binne de heilboarn oan de fuot van de Noardfryske Stolberg, it rotseilân Helgolân (op alde kaarten wol oanjoen as 'Forsitelân') en it waddeneilân Amelân.