Frysk Museum
From Wikipedy
It Frysk Museum is in museum foar keunst en skiednis, fêstige yn Ljouwert.
It Frysk Museum is ûntstean út de tentoanstelling by it fyftich-jierrich bestean fan it Frysk Genoatskip yn 1877. Dy tentoanstlling wie sa'n sukses dat fan it jild dat oerbleau it Eysingahûs te keapjen om de tentoanstelde kolleksjes fan de provinsje en fan it Genoatskip fan 1881 ôf in permanint plak te jaan.
It museum is yn de rin fan de tiid ferskate kearen útwreide mar rjochtet him hieltiid noch op sawol keunst as skiednis. Dizze kombinaasje wurket bytiden hiel goed, mar der hawwe ek útstellen west foar in apart op skiednis rjochte museum.
Op 14 maaie 2002 die bliken dat it Frysk Museum in legaat krigen hie fan de arsjitekt Abe Bonnema, foar nijbou fan it museum op it Saailân. Dat hat laat ta in protte diskusje oer de foardielen en neidielen fan it ferfarren fan it museum nei dat plak.