Fryske Akademy
From Wikipedy
De Fryske Akademy is in organisaasje dy't himsels rjochtet op it yn stân hâlden fan de Fryske taal en kultuer, en him derby profilearret as "it sintrum foar wittenskiplik ûndersyk en ûnderwiis yn en oangeande Fryslân en syn mienskip, syn taal en kultuer"1. De Akademy is oprjochte yn 1938 en hâldt kantoar yn Ljouwert, yn it Coulonhûs.
Njonken alle oare aspekten fan de Fryske kultuer hat de FA him foaral rjochte op de Fryske taal. De Fryske stavering, dy't tsjinwurdich oeral yn publike domeinen as de offisjele brûkt wurdt, wurdt troch har foarskreaun en it grutte Wurdboek fan'e Fryske taal/ Woordenboek der Friese taal is yn har opdracht makke. Dêr njonken hat de Akademy noch likernôch tûzen boeken en oare publikaasjes útjûn.
[bewurkje seksje] Keppeling um utens
1: Sitaat fan de FA har webside