Fryske Anjer
From Wikipedy
De Fryske Anjer is in Fryske kultuerpriis dy't útrikt wurdt troch it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân. De priis wurdt jierliks takend oan in persoan, feriening of ynstelling dy't him bysûnder ynset hat foar de Fryske kultuer of natoer yn de breedst mooglike betsjutting. De priis is de measte jierren in kombenaasje fan in jildbedrach fan € 2.500 en in spjelde dy't ûntwurpen is troch keunstnaresse Antonia Talamini.
[bewurkje seksje] Priiswinners
- 1991 - Rients Gratama
- 1992 - Oerolfestival
- 1993 - Iepenloftspul Jorwert
- 1994 - Frysk Fanfare Orkest
- 1995 - Thom Mercuur
- 1996 - Dûnsgroep Duende
- 1997 - Sintrum foar Film
- 1998 - Stellingwarver Schrieversronte
- 1999 - Johan de Jong
- 2000 - Nanne Kalma
- 2001 - Frysk ierdewurkbedriuw Tichelaar út Makkum
- 2002 - Frysk Skipfeart Museum
- 2003 - Jos Thie
- 2004 - Corina van Eijk, artistyk lieder fan Opera Spangea
- 2005 - Ben Scheper
- 2006 - Bernard Smilde