Grand Theft Auto
From Wikipedy
Grand Theft Auto is in rige kompjûterspultsjes. De earste ferzje is yn de iere njoggentiger jierren útbrocht. It twadde diel krige de namme GTA 2; dêrfoar kaam ek in tafoeging dy't GTA: Londen hite, dy't him yn de sechtiger jierren ôfspile.
De nije GTA's wienen makke yn 3D; dat hat ynfloed han op it spyljen fan it spultsje. De earste yn de GTA 3D rige, mei de namme Grand Theft Auto III, spile him ôf yn de stêd Liberty City, in firtueel fermidden dat hast allyk wie mei New York. Dêrnei kaam Grand Theft Auto Vice City út; dit spultsje spilet him ôf yn it Miamy fan de tachtiger jierren. De lêste ferzje is Grand Theft Auto San Andreas dy't him ôfspile yn Los Angeles, San Francisco en Las Vegas. Dy lêste ferzje hat in ferbettering west yn ferliking mei de oare GTA's omdat it gebiet folle grutter wie.
Grand Theft Auto IV is offisjeel kundich makke by de Microsoft 2006 E³ parsekonferinsje op 10 maaie 2006. Neffens Microsoft komt GTA IV 16 oktober 2007 op 'e merk en is it spylber op de Xbox 360.
Der hat in soad opskuor west oer dit spultsje, dat neffens guon ekstreem gewelddiedich wêze soe en minsken oansette soe ta it fermoardzjen fan oaren.