Hûnsrich
From Wikipedy
De Hûnsrich is in sânrich fan 70 km op de eastrâne fan it Drintsk Plato, fan Grins oant Erika. Der wurdt meast oannaaam dat de Hûnsrich in sydmorene is. De namme soe komme fan Hunze-rich, nei de beek dy't oan de eastkant de rich bylâns rint.
It noardlikste punt fan de Hûnsrich is yn Grins, dêr't it Heechstrjitsje it hichtepunt fan Grins foarmet. Yn it suden is it Hoantsjedún by Emmen it heechste punt fan Drinte, mei 26,5m hichte.