Halunders
From Wikipedy
It Halunders, ynlânske namme Halunder freesk, is it Noard-Fryske dialekt fan it eilân Helgolân.
Helgolân wie fierût it earste eilân dat yn de tiid fan de Fryske ekspânsje yn de Midsieuwen kolonisearre waard - it tsjintwurdige Noard-Fryslân kaam earst letter. It dialekt fan Helgolân stiet, netstjinsteande it grutte isolemint wêryn de eilanners ferkeare, relatyf ticht by de dialekten fan Föhr, Amrum en Sylt - it Fering, Öömrang resp. Söl'ring - dy't meiïnoar it Eilân-Noard-Frysk foarmje. Opfallend yn ferhâlding mei de oare Noard-Fryske dialekten is it behâld fan de ûtgangen -e en -en.
It Halunders wurdt noch troch de helte fan de bewenners sprutsen; dermei is it wol it fitaalste dialekt fan it Noard-Frysk. De rest fan de bewenners sprekt it Nedersaksysk. Hja kinne oan de pleatslike folkshegeskoalle kursussen Halunders folgje. Bûtendat wurd it op skoalle oan de bern jûn.