Iselmar
From Wikipedy
De Iselmar is yn 1932 ûntstien doe't de Sudersee troch de Ofslútdyk ôfsletten waard. De mar is 1.100 km2 grut en op it djipste punt, yn de Fal fan Urk, is er 5,5 m djip.
Yn 1975 is mei de Houtribdyk it súdlike part ôfsplit as de Marker Mar
[bewurkje seksje] Lizzing
De Iselmar wurdt begrinzge troch:
- de Ofslútdyk yn it noarden;
- Fryslân en de Noardeastpolder yn it easten;
- Eastflevolân yn it súdeasten;
- de Houtribdyk yn is súdwesten;
- Noardhollân yn it westen.
[bewurkje seksje] Wetter
De Iselmar krijt wetter fan:
- de Amstel, fia it IJ, de IJmar en de Marker Mar
- de Ryn
- fia de Kromme Ryn, de Uterter Fecht, de IJmar en de Marker Mar
- fia de Isel en de Ketelmar
- de Eem, fia de Eemmar, de Goaimar, de IJmar en de Marker Mar
- de Hierdenske Beek, fia de Feluwemar, de Dronter Mar en de Ketelmar.
- de Oeriselske Fecht, fia it Swarte Wetter, de Swarte Mar en de Ketelmar.
Dat wetter giet fierder nei de Waadsee troch de Stevinsylen by De Oever en de Lorentzsylen by Koarnwertersân. Ek wurdt it ynlitten ta de Fryske Boezem as it wetter dêr leech is.
Nei alle gedachten sil troch klimaatferoarings mear wetter yn de Iselmar komme. Foar dit wetter binne de hjoeddeiske sylen fan de Ofslútdyk net genôch. Der wurdt dêrom tocht oan de bou fan nije sylen. It wurk soe om 2008 hinne begjinne moatte.