Jan Bearn Singelsma
From Wikipedy
Jan Bearn Singelsma (1914, Huzum - 10 jannewaris 2005), earste FNP-steatelid.
Jan Bearn Singelsma wie learaar Biology en Frysk. Hy woe yn 1962 net meidwaan mei de FNP om't dy wat him oangie net genôch oan aksje die. Doe dat feroare waard er al lid, en hy wie fan 1966 ôf 13 jier steatelid foar de FNP en wie fan 1970 riedslid yn Ljouwert.
Ek fierder wie er tige aktyf: Singelsma wie ien fan de oprjochters fan de Fryske Folkshegeskoalle, en fan de stifting Sprutsen Frysk Boek. Ek sette er ferskate aksjes op, bygelyks tsjin de ynpoldering fan it Waad en de bou fan de elektrisiteitssintrale oan de Burgumer Mar. Singelsma stie yn politike rûnten bekend as in bejeftige sprekker mei orizjinele ideeën.