Jan J. Bijlsma
From Wikipedy
Jan J(ohan) Bijlsma (1931, 23 novimber 1931) hat yn Ljouwert it Stedsgymnasium ôfrûn en dêrnei oan de Rykskweekskoalle de ûnderwizersoplieding folge. Ûnderwizer te Sleat, Balk, en Grou. Sûnt 1958 learaar Nederlansk oan de RSG op It Hearrenfean, Redakteur fan ‘De Strikel’. Kaam mei it idee om it ‘Skriuwersalmanak’ om te bouwen ta in kalinder en betocht om de ynstjoerders in tema foar te lizen. As dichter is er in skerp waarnimmer fan oarmans eigenaardichheden, mar hy sparret himsels de krityk ek net. Letter wurdt er wat mylder. Relativearringsfermogen, gefoel foar humor en irony binne de wapens dêr’t Jan J. Bijlsma syn emosjonaliteit en meilydsumens mei de baas bliuwt. Behalve fan persoanlike fersen is Jan J. Bijlsma ek de dichter fan guon kabaretfersen, dy’t troch Rients Gratama bekend wurden binne. ( bg. ‘Dit Lân’ ) As skriuwer fan ‘It Fersin’ set er it artistike muzikantelibben tsjinoer it selsfoldiene, sabeare keunstsinnige fan in Fryske skriuwer mei in literêr tydskrift as Poadium. Hy ken beide út eigen wjerfarren. It tegearre skriuwen fan de detektives út de ‘Benedictus-rige’ mei Anne Hellinga wie nij yn de Fryske literatuer.
[bewurkje seksje] Bibliografy
Poëzij
Striptease 1967
Altyd like fleurich 1971
Jan Krukje en syn maten 1976
As wie der neat te rêdden 1979
Machtich as de miggen. 1984
Roman
It Fersin 1968
Detektives ( tegearre mei Anne Hellinga)
Moard op’e Himrik 1973-1974
Moard mei muzyk 1974
Benedictus pakt troch 1975