Jorwert
From Wikipedy

Jorwert (Hollânsk: Jorwerd) is in doarpke yn de Fryske gemeente Littenseradiel. It hie op 1 jannewaris 2004 311 ynwenners. It omfettet ek de buorskippen Fûns en Hesens. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Jorwert diel út fan de gemeente Baarderadiel.
Jorwert hat in tsjerke mei in Romaansk middenskip. By in restauraasje yn 1951 is de tsjerke swier skansearre: de toer stoarte folslein yn.
Doe't de tsjerke der sa by lei organisearren de ynwenners fan it de doarp in ynsammelsaksje, dêr't letter it Iepenloftspul Jorwert út ûntstien is. Dat wurdt noch elts jier yn augustus en septimber hâlden.
Oant 1984 wie it doarp Jorwert part fan de gemeente Baarderadiel. Sûnt 1991 hat it syn Fryske namme mei in -t op it ein as offisjele namme. It doarp waard om it jier 2000 hinne nasjonaal bekind troch in boek fan de skriuwer Geert Mak, "Hoe God verdween uit Jorwerd" ("Hoe't God út Jorwert ferdwûn").