Kûrlân
From Wikipedy
|
Kûrlân (Letsk: Kurzeme; Dútsk: Kurland; Poalsk: Kurlandia; Russysk: Курляндия; Latyn: Curonia) is in histoaryske regio yn Letlân, tusken de Eastsee, de Golf fan Riga en de Westlike Dúna.
It gebiet hat de namme fan har eardere bewenners, it Baltyske folk fan de Kûren, dy't letter yn it Letske folk opgong binne. Hja wiene yn de 13e ieu oerfallen troch Dútsers. Yn 1561 waard Kûrlân mei it Semgallen in hartochdom ûnder Poalsk regear. It waard yn 1795 in Russysk gûvernemint en is sûnt 1918 in part fan Letlân. De boppenklasse fan 'e ynwenners wie oant yn de tweintichste ieu Dútsktalich; it Letsk waard benammen by de legere klassen sprutsen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
[bewurkje seksje] Iere skiednis
Yn de klassike âldheid binne de Kûren, in Baltysk folk, Kûrlân ynfallen. In Dútske militêre oarde ha de Kûren oan it begjin fan 'e 13e ieu kerstene. Yn 1237 kaam it gebiet ûnder it regear fan de Teutoanske ridderoarde, dy de Dútske ridderoarde oarnamen. Doe waard Kûrlân parte yn twa hartochdommen, it hartochdom Kûrlân en it hartochdom Semgallen.
[bewurkje seksje] Greefskip fan Kûrlân, 1561–1795
De oarde ferswakte yn de 16e ieu troch striid mei de Moskovieten. Nei in oanfal fan Ivan IV kaam de Lyflânske kriich ta stân (1558-1583), weryn de Lyflânske oarde yn 1561 yn parten útinoarn foel. De lêste grutmaster, Godhard Kettler (1561-1587), krige yn dat jier Kûrlân en Semgallen as liening fan de Poalske kening Sigismund August. Godhard waard yn 1687 opfolge troch syn soannen Frederik I (1587-1642) en Willem (1587-1616), dy it gebiet wer ûnder inoar op partte. De adel liet Willem nei in konflikt mei it bisdom Pilten yn 1616 ôfsette, sadat Frederik oer gâns Kûrlân it regear krije koe.
Kûrlân ûnderfûn in tiidrek fan waakst ûnder Frederiks soan Jakob (1642-1682), in nuver lieder mei ambysjes. Hy hat fertuten dien foar de hannel, skipsbou en yndustry. De stêden Windau (Ventpils) en Libau (Liepāja) wurde de wichtichste havens fan in marine- en hannelsfloat fan mânsk formaat. Mei Fort Jakob yn de Gambia en Tobago yn it Karibysk gebiet krige hy yn 1651 en 1652 twa koloanjes. It lot kearde har lykwols tsjin Kûrlân doe Karel X fan Sweden Jakobs neutraliteit yn de Sweedsk-Poalske Kriich (1655-1660) net akseptearre hie. Hy oerweldige yn 1658 de haadstêd Mitau (Jelgava) en Jakob kaam telâne yn de finzenis. Kûrlân hie doe har koloanjes ferlern oan de Nederlannen.
Jakob Kettler krige by de Frede fan Oliva syn frijheid en lân werom. Ek krige Kûrlân Tobago tebek, mar Jakobs neifolger Frederik II Casimir (1698-1711) moast it eilân troch syn nuvere libbensstyl oan de Britten kwyt. Hartoch Frederik III Willem (1698-1711) hie te lijen ûnder de Grutte Noardske Kriich (1700-1721) mei nije Sweedske ynfallen. Hy boaske yn 1710 mei Anna, in nicht fan Peter de Grutte, mar wie krekt in jier letter ferstoarn.
[bewurkje seksje] Ferlies fan ûnôfhinklikens
De Dútsers koene harren goede posysje behâlde oan de ein fan 'e 19e ieu, doe waarden de Letten en Dútsers slachtoffer fan de Russifikaasjepolityk, it Dútsk hie har posysje as bestjoerstaal yn 1867 ferlern.
Kûrlân wie yn de Earste Wrâldkriich fan 1915 oant 1918 beset troch it Dútske Keizerryk. It krige de status fan provinsje yn de nije republyk Letlân. Yn de Twadde Wrâldkriich fûl it bestjoer ûnder de Sowjetuny (1940) en ûnder Nazy-Dútslân (1941-1945). Adolf Hitler joech it befel de Dútske Kûren nei Dútslân te transportearjen, dat de ein fan in tiidrek fan 700 jier Dútske ynfloed betsjutte. Sûnt 1945 is Kûrlân wer in part fan Letlân, dat har ûnôfhinkelikens yn 1991 krige.
[bewurkje seksje] Hartogen
- 1561-1587: Godhard Kettler
- 1587-1616: Frederik I Kettler en Willem Kettler
- 1616-1642: Frederik I Kettler
- 1642-1682: Jakob Kettler
- 1682-1698: Frederik II Casimir Kettler
- 1698-1711: Frederik III Willem Kettler
- 1711-1737: Ferdinand Ketler (de fakto oant 1730 Anna fan Ruslân)
- 1726-1729: Maurits fan Saksen (rivaal)
- 1737-1740: Ernst Johann Biron
- 1741-1741: Lodewijk Ernst fan Brunswyk-Lüneburg-Bevern
- 1741-1758: gjin
- 1758-1763: Karel fan Saksen
- 1763-1769: Ernst Johann Biron (op 'e nij)
- 1769-1795: Peter Biron