Kongres fan Wenen
From Wikipedy
It Kongres fan Wenen wie yn 1814 en 1815 in langduorjend oerlis troch de oerwinners fan Napoleon, Prusen, Eastenryk, Ruslân en Ingelân. It hie as doel de ferienfâldigings fan de steatsgrinzen, dy't Napoleon begûn wienen, fêst te hâlden en troch te fieren, sûnder dat der op steatnivo neidielen fan wienen. Op leger nivo as de steat wienen der foar grinsgebieten grutte gefolgen, mear noch om't steaten yn guon gefallen gebieten as kompensaasje tawiisd krigen. De foar- en neidielen hawwe in grutte rol spile yn de steatkundige skiednis fan de 19e en 20e ieu.