Langwar
From Wikipedy

Langwar (Langweer) is in doarp yn it súdwesten fan Fryslân, yn de gemeente Skarsterlân. It doarp leit yn it Fryske marrengebiet, oan de Langwarder Wielen en krekt east fan de Kûfurd, en net al te fier fan Gaasterlân ôf. Langwar hat in 1000 ynwenners.
[bewurkje seksje] Skiednis
Ut it argyf fan it bisdom Utert blykt dat it al yn 1256 bestie.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Langwar it haadplak fan de eardere gemeente Doanjewerstâl, mei sûnt likernôch 1940 it gemeentehûs op it plak dêr't earder Oasingastate stien hie.
[bewurkje seksje] Tsjerke
De earste tsjerke fan Langwar wie de Katarinetsjerke út de 14e ieu. Op de ein fan de partijtiid waard dy skansearre rekke doe't er yn 1517 ûnder de striid tusken Gelre en Boergonje yn 'e brân stean hie. De tsjerke wie al noch restaurearre, mar op de ein fan de ieu waard er dochs ôfbrutsen. De hjoeddeiske tsjerke is de tredde tsjerke, boud yn 1783.