Lauwersmar
From Wikipedy
De Lauwersmar is untstien doe't de Lauwerssee yn 1969 troch it lizzen fan in 13 km lange daam ôfsletten waard fan de Waadsee. De Lauwersmar leit op de grins fan Fryslân en Grinslân. By it ôfsluten fan de Lauwersee ûntstie net allinich in grutte mar, mar kaam der ek in protte nij lân by. De Lauwersee waard benammen brûkt om te fiskjen en it wie in wichtich natoergebiet. Sûnt de ôfsluting wurdt de Lauwersmar brûkt foar rekreaasje, foar lânbou, as oefenterrein fan definsje en foar in grut part as natoergebiet. Ek is it wichtich foar de wetterhúshâlding yn dit gebiet.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Wetterhúshâlding en ferbinings
Yn de Lauwersmar wurdt fan it Fryske en Grinzer lân út op ferskate plakken wetter yn de Lauwersmar pompt of spuit. Oan de eastkant, krekt ten suden fan Sâltkamp, komt it Reitdjip yn de Lauwersmar út. Flak neist de slús fan it Reitdjip leit de Fryske slús wêrtrochhinne de Lauwers yn de Lauwersmar útkomt. By Dokkumer Nije Silen wurdt it wetter út de Fryske boezem, oanfierd fia it Dokkumer Djip en de Nije Swemmer, yn it Lauwersmar spuit. Fierder is der oan de westkant by Esumasyl noch it gemaal De Dongerdielen, dêr't it wetter fan de Suderie yn de Lauwersmar pompt wurde kin. Ek is hjir noch in lytse slûs.
By leech wetter op de Waadsee kin it wetter út de Lauwersmar troch trije grutte silen op de Waadsee spuid wurde. Oan de eastkant fan dy silen leit de slûs wêrtrochhinne de skippen de Waadsee op komme kinne.
[bewurkje seksje] Natuergebiet
It grutste part fan de Lauwersmar is ynrjochte as natoergebiet. Oan de westkant leit de Ezumakeech. Earst ynrjochte foar de lânbou en letter wer ûnder wetter set is dit in útsonderlik gebiet dêr't men geregeldwei bysûndere fûgels sjen kin. Fierder binne der grutte natoergebieten op de Kollumerwaard en de Balastplaat. Yn in protte fan dizze natoergebieten rinne Skotse Heechlanners en Konik-hynders dy't troch te gerskjen it gebiet iepen hâlde en sa tefoaren komme dat der allinnich mar bosk oerbliuwt. Op 7 april 1999 is de Lauwersmar offisjeel ynsteld as nasjonaal park yn oprjochting.
[bewurkje seksje] Rekreaasje
De Lauwersmar kin goed brûkt wurde troch de wettersport. By Lauwerseach oan de binnenkant fan de dyk leit in grutte jachthaven oan it Nije Robbegat. Ek binne der ferskate rekreaasjeterreinen oan it wetter fan de Lauwersmar geskikt om te swimmen en wynsurfen. Fierder is der by Lauwerseach in kamping en binne der bungalowparken by Lauwerseach, by de Ballastplaat en by Eastmahorn. Ek de natoergebieten binne meastentiids ynrjochte foar toeristen, mei kuierrûtes en fûgelkykhutten.
[bewurkje seksje] Definsje
Yn it Lauwersmargebiet wiene twa grutte terreinen reservearre foar definsje. It oefenterrein Marnewaard oan de eastkant fan de Lauwersmar is sa'n 1.600 hektare grut. It bestiet út in oantal bosken en in grutte iepen flakte. Op it terrein leit ek noch it oefendoarp Marnehuzen, en oan de súdkant fan it terrein stiet de Willem Loadewyk fan Nassau-kazerne.
It twadde terrein is oan de súdeastkant. Dit part fan de Kollumerwaard waard ynrjochte as sjitterrein. Foardat definsje gebrûk makke hie fan dit terrein wie it al oerstallich, en it is no part fan it natuergebiet.
[bewurkje seksje] Lânbou
It gebiet dat brûkt wurdt foar de lânbou leit benammen yn it suden fan it Lauwersmargebiet, oan de súdkant fan de Kwelderwei. Fierder noch in stripe lân oan de eastkant fan de eardere Lauwerssee.
[bewurkje seksje] Fiskerij
Lauwerseach hat in grutte fiskershaven mei in fiskôfslach. Dizze haven hat de havens en ôfslaggen yn Sâltkamp en Dokkumer Nije Silen ferfongen.
[bewurkje seksje] Yndustry
Yn de Kollumerwaard leit neist it eardere sjitterrein ek noch it terrein fan de firma Muiden Chemie, dêr't in skoft in krûdfabryk west hat. Der hawwe ferskate plannen west om in oare funksje oan it terrein te jaan, bygelyks in fjoerwurkopslach of in pretpark, mar dat is oan't no ta noch net slagge.