Meindert Talma
From Wikipedy
Meindert Talma, yn 1968 berne op it Surhústerfean, is popmuzikant en skriuwer, aktyf yn de Grinzer muzykwrâld. De beamlange Fries hat oan't no ta tige produktyf west: yn in tiidsbestek fan 7 jier ferskynden 5 CD's, twa romans en in boek mei fraachpetearen. Yn syn persoanlike teksten, faak fol mei selsspot, brûkt Talma sawol it Frysk as it Nederlânsk. Syn muzikale ynfloeden binne divers. De New Wave út it begjin fan de 80-er jierren is dúdlik werkenber yn guon fan syn nûmers, mar ek Lou Reed hat grutte yndruk op him makke. Meindert Talma is fan 1997 oan't 2002 foaroanman fan de freoneband Meindert Talma & The Negroes. Hy is fierder aktyf as redakteur fan it Fryske tydskrift De Blauwe Fedde en kolumnist foar ûnder oaren de Ljouwerter Krante dêr't syn bydragen ferskine ûnder de titel Talma Tikt.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Bibliografy
- Dammen met ome Hajo, 1999, roman
- De Blauwe Fedde yn petear (tegearre mei Nyk de Vries), 2001, samling fraachpetearen
- Kriebelvisje 2003, roman
[bewurkje seksje] Diskografy
- 30 jaar Muzikale Fruitmand, 1995, Single (fynyl)
- Hondert punten, 1997
- Ferhûddûker, 1998
- Dammen met ome Hajo, 1999
- Leave Stumper, 2001
- Kriebelvisje, 2003
- Meindert Talma & The Negroes, 2005
[bewurkje seksje] Ferskaat
Op 16 oktober 2004 winne the Negroes it Festival Liet 2004 mei it nûmer "Dûnsje wyldekat dûnsje".