Noardfrysk Ynstitút
From Wikipedy
It Noardfrysk Ynstitút (Nordfriisk Instituut), is in yn 1965 oprjochte, wittenskiplik sintrum dêr't ûndersyk dien wurdt nei de Noardfryske taal, kultuer en skiednis. It is fêstige yn Bräist (Dútsk: Bredstedt) en wurdt bestjoerd troch in eigen organisaasje, de Verein Nordfriesischer Institut ("Feriening fan it Noardfryske Ynstitút"), dy't likernôch 860 leden hat en al bestiet sûnt 1948.
It Noardfrysk Ynstitút hat in eigen bibleteek en argyf, it fersoarget kursussen, kolleezjes, konferinsjes en lêzings en jout boeken, tydskriften en brosjueres út op eigen kosten of yn gearwurking mei oare útjouwers. It wurdt finansjeel stipe troch de dielsteat Sleeswyk-Holstein, de Kreis Noard-Fryslân, de stêd Bräist en de Deenske minderheid yn Dútslân. Ek wurdt der sels wat jild binnenbrocht mei de eigen útjeften.
Boppedat hat it Ynstitút - fia de Verein Nordfriesischer Institut - en tegearre mei de Noardfryske Feriening, de Friisk Foriining, de Heimatbund Landschaft Eiderstedt en de gemeente Hilgelân sitting yn 'e Frasche Redj of Freeske Räid ("Noardfryske Rie"). Dat is in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan 'e Noardfryske taal, kontakten mei oare minderheden yn Dútslân ûnderhâldt en dy't de Noardfryske seksje fan 'e Grutfryske Rie foarmet.
[bewurkje seksje] Eksterne Keppelings
- Noardfrysk Ynstitút (Dútsk)