Wikipedy:Ofbylden oanbiede
From Wikipedy
In ensyklopedy sûnder ôfbyldingen en oare media is net kompleet en saai. Dêrom is it mooglik en bied media-triemen sa ôfbylden, lûden en fideo oan. Der binne wol in pear saken dêr rekken mei hâlden wurde moat. Dêrom wat regels, dizze side giet benammen oer it oanbieden fan ôfbylden.
[bewurkje seksje] Doel
It doel fan Wikipedia is in ensyklopedy dy't yn alle opsichten frij is. Dat jildt ek foar ôfbylden en oare media. Alle media moatte frij te bewurkjen en te fersprieden wêze, ek foar kommersjele doelen. Om dúdlik te meitsjen dat in mediatriem oan dy easken foldocht moat it dúdlik wêze hokker lisinsje by de triem heart, dy't dúdlik oanjout wat wol en net mei de triem dien wurde mei.
Op Wikipedia wurde fjouwer haadlisensjes talitten foar media:
en twa lisensjes fan Creative Commons, nammentlik *Namme neame (Ofkoarte: CC-BY) *Namme neame-Lyk dele (CC-BY-SA). Dizze trije lisinsjes easkje dat de makker bekend is en neamd wurdt.
- De fjirde talitten lisinsje is is Publyk domein.
[bewurkje seksje] Yn it koart
Foar alle ôfbylden op Wikipedia jildt dat de makker tastimming jûn hawwe moat foar fersprieding, wyzigjen en kommersjeel brûken fan de ôfbylding.
De ôfbylding kin op dizze wize brûkt wurde under de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje, de lisinsje wêrunder Wikipedia beskikber stelt wurdt. As de rjochthawwer in lisinsje jûn hat moatte jo de tekst dêrfan op de ôfbyldside taheakje. Lisinsjes dy't net te kontrolearjen binne wurde sjoen as net jûn.
In het algemien binne der twa soarten ôfbylden:
- Ofbylden dy't ien sels makke hat en op Wikipedia oanbean;
- Ofbylden dy't 'earne' fûn binne en oanbean wurde.
Foar alle ofbylden is it ferplichte:
- De boarne en makker oan te jaan (bygelyks in webstee, namme as boek).
- De lisensje oan te jaan of de betingsten wêrunder de makker de ôfbylding frijjûn hat.
As by in ôfbylding gjin boarne as lisensje oanjoen is komt it terjochte op Siden wiskje en wurdt, as gjin fierdere ynformaasje jûn wurdt nei twa wiken wiske.
Ofbylden dy't ûnder de neikommende lisinsje falle binne sûnder mear tastien:
GFDL | [GNU Free Documentation License] |
GPL | [GNU General Public Licence] |
CC-BY | CreativeCommons-Attribution |
CC-BY-SA | CreativeCommons-Attribution-ShareAlike |
CC-SA | CreativeCommons-ShareAlike |