Oranjetipke
From Wikipedy
Oranjetipke | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() |
||||||
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Anthocharis cardamines |
It Oranjetipke (Anthocharis cardamines) is in soarte yn de famylje fan de Wytflinters Pieridae.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen.
It oranjetipke kin troch hiel Nederlân hinne fûn wurde. Mar yn it westen en op de Feluwe wurdt er minder faak sjoen. De flinter hâldt net fan hiele droege gebieten. Se hâlde fan fochtige greiden en rûchten. De flinter bliuwt frij stabyl, hy hat him allinnich útwreide yn'e dunen en op de Waadeilannen.
Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.
[bewurkje seksje] Fleantiid
De flinter fleant fanôf heal april oant ein july. Foaral tusken 1 en 20 maaie. Fleant altyd yn 1 generaasje.
[bewurkje seksje] Flinter
De wjuklingte is likernôch 20 mm. De ûnderkanten fan de efterwjukken binne gielgrien. De wyfkes hawwe gjin oranje kleure foarwjuktip.
[bewurkje seksje] Rûp
It liif fan de rûp is ljocht blau-eftich grien. De ûnderkant fan de rûp is donkergrien. Foaral de jonge rûp hat lytse swarte stipkes oer it liif. De jonge rûp fret earst de blommen en giet letter oer op de fruchten. De rûp groeit allinnich yn de foarsimmer. De flinter oerwintert as pop. De pop hinget faak oan in stâle fan in plant.
De rûp fret fan de pinksterblom en sipelkrûd.