Polarstern
From Wikipedy
De Polarstern (Poalstjer) is in katamaran-fearskip fan riederij AG EMS.
It skip hat as thúshaven it Eastfryske waadeilân Boarkum en farret ûnder oaren op it Helgolân. Op syn meast kinne der 402 reizgers mei oan board, mar gjin auto's. Lykas by oare katamaran-fearskippen, mar oars as by oare typen, kinne de reizgers op de Polarstern net frei omrinne; lykas yn in fleantúch sit eltseien yn in eigen stoel.
De lingte oer alles berint 47,25 meter, de bridte oer alles 12,32 meter. Mei op syn heechst 42 knopen (70 km./o) is de Polarstern it hurdstfarrende fearskip fan AG EMS.
It skip is boud wurden troch werf Oceanfast Ferries Pty Ltd., yn Henderson, Westlik Austraalje yn Austraalje.