Redbad II
From Wikipedy
Redbad II (760-786) wie in soan fan Aldgillis III. Redbad II wie kening fan it gebiet eastlik fan de Lauwers (it hjoeddeistige Grinslân en East-Fryslân). Doe't hy yn 786 kaam te ferstjerren koenen de Franken it gânse Fryslân anneksearje. Op 'e eilannen hie Dirk, in neiteam fan kening Poppo noch it regear oer in frij heidensk stikje Fryslân. Op it fêstelân waard it heidensk leauwen ferdreaun en kerstene troch de Franken.