Sint Lusia
From Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
Sint Lusia (Ingelsk: Saint Lucia) is in ûnôfhinkelike steat binnen de Britske Steatebûn. It leit noardlik fan Sint Finsint en de Grenadinen en súdlik fan Martinyk.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Foar de earste Jeropeanen it eilân sjoen hienen, hienen de Arawakindianen harren hjir om it jier 200 n. Kr. hinne al fêstige. Likernôch 800 n. Kr. kamen de Kariben; hja reagen de Arawaks fan 'e troan en krigen sa it sizzenskip oer it eilân.
De Frânsen wienen de earste Jeropeanen dy Sint Lusia kolonisearren. It Frânske regear kaam yn 1660 ta in ferdrach mei de pleatslike befolking. Yn de perioade 1663-1669 krigen de Ingelsken de sizzenskip op it eilân. Nei 14 oarloggen mei Frankryk kaam it yn 1814 definityf ûnder Britsk regear. Sint Lusia krige 22 febrewaris 1979 ûnôfhinkelikens en waard lid fan it Britske Steatebûn.
[bewurkje seksje] Geografy
It fulkanyske eilân Sint Lusia is yn ferlyk mei de oare Karibyske eilannen bercheftiger. It heechste punt is Mount Gimy op 950 meter boppe seenifo. De haadstêd fan Sint Lusia is Castries, wêr likernôch in tredde part fan de ynwenners wennet.
[bewurkje seksje] Klimaat
It klimaat is tropysk, it de gemiddelde timperatoer is 26 °C. De jierlikse reinfal sit tusken de 1.500 mm yn it leechlân en 3.500 mm yn it berchgebiet. De reintiid duorret fan maaie oant augustus.
Sint Lusia leit yn de orkaansône fan it Karibysk gebiet en hat dêrtroch in orkaanseisoen fan juny oant novimber.