Skaai
From Wikipedy
In skaai is it earste part fan de binomale nomenklatuer; it is yn de taksonomy it sechde nivo fan taksa. Boppe it skaai komt it nivo fan de famylje; ûnder it skaai komt it nivo fan de soarte.
In skaai omfet ien as mear soarten. In skaai mei mar ien soarte hjit in monotypysk skaai. Foar presyzere oantsjutting fan de sibskip op dit nivo wurdt it fierder opdield yn boppeskaaien, skaaien en ûnderskaaien. By Linnaeus hjit dit nivo yn it Latyn Genus.
It tal fan skaaien is grut, mar dochs moatte de nammen fan alle skaai fan ien ryk ferskillemd wêze, dat de binomale nomenklatuer genôch is foar de ydentifikaasje fan in soarte. Lykwols hoecht de namme fan in skaai net unyk te wêzen foar hiel de taksonomy. Bygelyks, Aotus is de namme foar it skaai fan de Nachtapen, mar ek foar it skaai fan de Gouden Earten.