Skiednis fan Man
From Wikipedy
De skiednis fan Man omfiemet Kelten, Wytsings, Skotten en Ingelsken.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] It Keltyske Tiidrek (±450-±850)
Man waard nei gedachten net earder as de 5e ieu nei Kristus kolonisearre troch Gealsktalige stammen út Ierlân. Der binne guon argeologyske oanwizings fûn dat it eilân foar dy tiid troch Welsktalige minsken bewenne west hawwe kin. De namme fan Man is ôflaat fan Mannanan, de Keltyske god fan ’e see.
Oer de skiednis oant likernôch 850, it Keltyske Tiidrek, is net in protte bekend, om’t der eins gjin betroubere boarnen binne. Fan ’e bemasterings en grutte dieden fan Baetan Mac Cairill, kening fan Ulster, bygelyks, dy’t neffens de oerlevering plakfûnen op Man, is no bekend dat dy yn súdlik Skotlân bard wêze moatte. En ek is it net wis at de ferovering fan Man troch Edwin, de Angelsaksyske kening fan Northumbria, yn 616, wol echt plakfûn hat. Mocht dat al sa west hawwe, dan kin it Angelsaksyske bestjoer op it eilân net lang duorre hawwe, want koarte tiid letter ferlear Northumbria de Noardingelske westkust en waard dêrmei ôfsnien fan Man. Mar men soe spekulearje kinne dat nammen en jiertallen trochinoar helle binne en dat kening Ekfryd fan Northumbria, doe’t dy yn 684 de Ierske eastkust plondere, koarte tiid Man beset holden hat.
Neffens de oerlevering wie it de Ierske sindeling Maughold (Maccul), dy’t it Kristendom op Man brocht hat. Hy waard letter hillich ferklearre en nei him is noch altyd ien fan ’e Manske gemeenten neamd.
[bewurkje seksje] It Wytsingtiidrek (±850-1266)
Om it jier 800 hinne begûnen op Man, krekt as yn grutte parten fan ’e rest fan West-Jeropa, de plondertochten fan ’e Wytsingen. Mar fan likernôch 815 ôf begûnen guon fan harren har nei wenjen te setten op it eilân. Om 850 hinne wie harren ynfloed op Man sa sterk wurden, dat se it bestjoer oernamen en Man losmeitsje koenen fan ’e Skotske Hebriden, dêr’t it yn dy tiid byhearde. Fan dy tiid ôf wie it eilân in keninkrykje, dat ûnder it machtige Noarske keninkryk fan Dublin foel.
Yn 1079 waard Man ferovere troch Godred (of Godfred) Crovan, de Noarske kening fan ’e Hebriden, dy’t ek Dublin en in grut part fan it Ierske keninkryk Leinster wist te bemasterjen. It is wierskynlik dizze Godred IV, dy’t op Man noch altyd yn leginden fuortlibbet as kening Gorse. Syn keninkryk neamde er de Sullreyjar (“Sudereilannen”) - yn tsjinstelling ta de Orkaden en Sjetlân, dy’t troch de Wytsingen oantsjut waarden as Norsreyjar (“Noardereilannen”). Letter namen syn opfolgers de titel “kening fan Man en de Eilannen” oan.
Godred syn soan, Olaf I, dy’t regearre fan 1113 oant 1152, skynt sokke nauwe bannen mei de keningen fan sawol Ierlân as Skotlân hân te hawwen, dat nimmen him in foet dwers doarde te setten. Syn soan, Godred V (1153-1158), ferlear yn 1156 de eilannen foar de kust fan Argyl, yn súdwestlik Skotlân, wêrtroch syn keninkryk yn twaen spjalte waard, mei Man yn it suden en de Hebriden yn it noarden. Yn dyselde tiid libbe Wimund, de earste biskop fan Man, dy’t yn ’e tritiger jierren fan ’e 12e ieu oansteld wie. Hy die net ûnder foar de Wytsingen en gong mei in groep folgelingen op plondertocht op ’e omlizzende eilannen en it fêstelân fan Skotlân. Somerled, dy’t regearre fan 1158 oant 1164, wie de lêste kening fan Man en de Eilannen; nei syn dea waard Man wer in ôfsûnderlik keninkryk.
Yn dizze hiele snuorje foelen de keninkrykjes dy’t de Wytsingen stifte hienen op Man, yn Dublin, op ’e Hebriden en op oare plakken op ’e Britske Eilannen yn namme ûnder de Noarske Kroan. Mar ôfstannen wienen grut yn dy tiden en de keningen fan Noarwegen lieten mar komselden wat fan harren hearre. Fan alle Noarske keningen fêstigen allinne Harald Kreashier, om 885 hinne, en Magnus Bleatfoet, om 1100 hinne, harren gesach stevich op sawol Man as de Hebriden, troch dy eilannen te feroverjen en sa de grutske keninkjes fan dy gebieten oan ’e leie rinne te litten. Fan ’e midden fan ’e 12e ieu oant 1217 hienen de Noarske keningen swierrichheden tichter by hûs, mar dêrnei waard de leie wer oanhelle. Underwilens wie Skotlân, dat oant doe yntern ferdield west hie, einlik feriene en no woe it baas yn eigen hûs wurde. It wie dêrom net te fermijen dat de Noaren en Skotten deilis mei-inoar reitsje soenen. Yn 1263 fûn de Slach by Largs plak en yn dat beslissende treffen waard kening Håkon IV fan Noarwegen ferslein troch kening Aleksander III fan Skotlân. Magnus III, kening fan Man (1252-1265), dy’t by Largs oan ’e Noarske kant fochten hie, ferlear dêrnei alle eilannen dêr’t er oer regearre útsein Man sels.
[bewurkje seksje] It Skotske Tiidrek (1266-1333)
Yn 1266 waard it Ferdrach fan Perth sletten tusken Noarwegen en Skotlân. Dêrby waard Man mei alle oare Noarske eilannen, útsein de Orkaden en Sjetlân, troch de Noarske kening Magnus IV oan Skotlân ferkocht foar it bedrach fan 4.000 marken yn ien kear en in jierliks bedrach fan 100 marken dêroerhinne. De Mansklju wienen it mei dizze gong fan saken lykwols net iens en sadwaande duorre it oant 1275, doe’t se troch de Skotten ferslein waarden yn ’e Slach by Ronaldsway, tichteby Castletown, eart de Skotske hearskippij oer Man ek yn ’e praktyk gou.
De Ingelske kening Edward I bemastere Man yn 1290, doe’t yn Skotlân ferskate eallju om ’e (lege) troan fochten, mar yn 1313 kaam it wer by Skotlân te hearren, doe’t de Skotske kening Robert I nei in belis fan fiif wiken it kastiel fan Rushen ynnaam. Fan likernôch 1320 ôf bestie der in wat betize tastân en wie Man noris yn Ingelske en dan wer yn Skotske hannen.
[bewurkje seksje] It Ingelske Tiidrek (1333-1866)
Yn 1333 wisten de Ingelsen Man foargoed te bemachtigjen en kening Edward III koech it eilân doe oan William de Montacute, de trêde baron fan Montacute, en letter de earste greve fan Salisbury. Dy syn soan ferkocht it yn 1392 oan Sir William Le Scroope, dy’t yn 1399 troch kening Hindrik IV ûntholje litten waard foar ferrie. Man waard doe, mei alle oare besittings fan Le Scroope, yn beslach nommen troch Ingelske Kroan en oan Henry Percy, de earste greve fan Northumberland, jûn. Nei dy syn deafûnis, yn 1405, waard it op ’e nij konfiskearre en diskear mei it beskermhearskip fan it bisdom fan Man oan Sir John Stanley en syn erfgenamten jûn yn ruil foar it jaan fan twa falken en it jaan fan nochris twa falken by eltse kroaning fan in kening fan Ingelân yn ’e takomst.
De tiid dat it Hûs Stanley oer Man hearske (1405-1736), wie ien fan ’e bettere snuorjes út ’e Manske skiednis. Hoewol’t dizze hearen fan Man harren eilân mar komselden besochten, soargen se derfoar dat it bestjoerd waard troch kundige gûverneurs, dy’t de Manske befolking ornaris rjochtfeardich behannelen. John II Stanley, bygelyks, dy’t regearre fan 1414 oant 1437, lei de macht fan ’e Tsjerke oan bannen, ferfong rjochtspraak troch it swurd troch sjueryrjochtspraak en joech opdracht om ’e âlde wetten fan it eilân skriftlik fêst te lizzen.
James I Stanley (1627-1651), ek wol de Grutte Stanley neamd, krige yn 1643, yn ’e tiid fan ’e Ingelske Boargeroarloch, fan ’e Ingelske kening Karel I de opdracht om persoanlik nei Man te gean en dat foar de royalisten te behâlden. Sûnder mis ûnder ynfloed fan ’e foarfallen yn Ingelân drige der doe nammentlik op Man ek in opstân út te brekken. Doe’t Stanley lykwols mei Ingelske soldaten op it eilân oankaam, rûn dat mei in skamper ôf. Hoewol’t de Mansklju yn syn tiid swiere belestings betelje moasten en boppedat de Ingelske soldaten dy’t er op it eilân brocht hie by harren ynkertiere wienen, wist er har oansjen te winnen trochdat er him oprjocht foar har swierrichheden ynteressearre. Sa liet er lju út Ingelân oerkomme om ’e Mansklju ynnovaasjes yn ferskate ambachten by te bringen en ek besocht er de boeren te helpen troch it Manske hynderras mei nije fokmetoaden te ferbetterjen. In heal jier nei de ûntholling fan kening Karel I, yn 1649, krige Stanley fan ’e republikeinske generaal Ireton it befel om it eilân oer te jaan, eat dat er grutsk ôfwiisde. Yn stee dêrfan stuts er yn augustus 1651 mei trijehûndert Mansklju oer nei Ingelân om him by kroanprins Karel II te jaan. Hy naam diel oan ’e Slach by Worcester, dêr’t de royalisten beslissend ferslein waarden en dêr’t hy finzennommen waard. Hy waard in hoart opsletten yn it Kastiel fan Chester, mar nei’t er feroardiele wie troch in kriichsrie, waard er yn Wigan eksekutearre.
Koart nei syn dea kaam de op it eilân efterbleaune Manske milysje yn opstân tsjin syn widdo, Charlotte de la Trémouille, en wist ûnder lieding fan William Christian alle kastielen, útsein Rushen en Peel, te bemasterjen. De opstannelingen waarden fuortsterke troch in republikeinsk legerke út Ingelân, oanfierd troch kolonel Duckenfield, oan wa’t de grevinne har nei in koart belis oerjoech. Generaal Sir Thomas Fairfax, ien fan ’e lieders fan ’e republikeinen, wie doe al beneamd ta hear fan Man en de Eilannen, sadat it eilân ûnder in aadlik bestjoer bleau en de relaasje mei Ingelân net feroare. Doe’t yn 1660 it Hûs Stuart yn Ingelân wer op ’e troan kaam, waard Man weromjûn oan it Hûs Stanley. Dy oerdracht fan ’e macht ferrûn sûnder alteraasje en it iennichste slachtoffer wie William Christian, dy’t berjochte en eksekutearre waard foar ferrie.
Wat lykwols al foar alteraasje soarge, wie it feit dat de nije hear, Charles Stanley, dy’t regearre fan 1660 oant 1672, de duorsumens fan ’e hierpleatsen yn twifel luts, dat wol sizze: it rjocht om dy fan heit op soan oer te dragen. Dit late hast ta in iepen opstân en boppedat ta it ferwaarleazgjen fan ’e lânbou op it eilân. Yn stee dêrfan begûnen de Mansklju harren mear op ’e fiskerij en smokkelderij te rjochtsjen. De ûnrêst bleau bestean oant 1704, doe’t James II Stanley, Charles syn broer, dy’t regearre fan 1702 oant 1736, nei bemiddeling fan ’e biskop fan Man in oerienkomst sleat mei de hierboeren, dy’t fêstlein waard yn in wet, de Act of Settlement (“de Wet op ’e Fêstiging”). Neffens dy Act of Settlement koenen de hierboeren en harren neiteam harren hierpleatsen foar altyd hâlde, mei as betingst de betelling fan in fêste, jierliks hier en in lytse boete yn it gefal fan beërf of ôfstân fan rjochten. Om’t meitiid de wearde fan ’e hierpleatsen omheech gong en de fêste hier troch ynflaasje op it lêst suver neat mear foarstelde, wie dizze oerienkomst fan grutte betsjutting foar Man.
Nei de dea fan James II Stanley, yn 1736, kaam Man yn it besit fan James Murray, de twadde hartoch fan Atholl. Doe’t dy yn 1764 stoar, waard it eilân urven troch syn dochter en ienlingsbern Charlotte baronesse Strange. Nei de gewoante fan dy tiid waard har man, John Murray, foar har yn it plak hear fan Man. Underwilens hie sûnt likernôch 1720 de smokkelderij fan Mansklju sokke foarmen oannommen, dat Londen needsake wie der stappen tsjin te ûndernimmen. Dêrom kocht it Britske regear yn 1765 de soevereine rjochten en de dûaneynkomsten fan Man fan ’e Murray’s foar it bedrach fan 70.000 pûn, mei noch in jierjild deroerhinne. De Murray’s beholden lykwols harren hearlike rjochten op Man, it beskermhearskip fan it bisdom Man en beskate oare privileezjes, oant se dy yn 1828 ek ferkochten foar de útsûnderlik hege som fan 417.144 pûn.
Goed in ieu lang, fan 1765 oant 1866, stie Man dêrnei streekrjocht ûnder Britsk bestjoer. Hoewol’t it eigen parlemint fuortbestie, foelen dûane, havens en keapfardij tenei ûnder it regear yn it fiere Londen en boppedat feroaren de Britten soms wetten dy’t troch it Manske parlemint goedkard wienen, troch der útsûnderings of klausules dy’t de oangeande wetten tsjinsprutsen oan ta te foegjen. Soks taaste de âlde eigen wetjouwing fan it eilân fansels folle mear oan as de oerdracht fan ’e hearlike titel oan ’e Britske kening. En hoewol’t gjin inkelde hear fan Man echt in foarbyldich regear fierd hie, hienen de measten wol omsjoen nei it wolwêzen fan harren ûnderdienen. No, lykwols, waard it eilân bestjoerd troch in groep profesjonele amtners, dy’t it as in lestich smokkeldersnêst seagen, dat allinne goed wie foar it beteljen fan safolle mooglik belesting.
Doe’t fan 1793 oant 1826 John Murray, de fjirde hartoch fan Atholl, gûverneur wie, waarden de lêsten wat ferlichte en ek nei it ôfrinnen fan syn amtstermyn waard it ûnmeilydsume belied dat de Britske bestjoerders earst fierd hienen, net wer oppakt. Dêrby spile fansels mei dat tsjin dy tiid it smokkeljen sterk yn it neigean rekke wie en boppedat wie Man wolfearender wurden, sadat it mear belesting opbringe koe. Nei petysjes fan it Manske folk oan Britske ministers yn 1837, 1844 en 1853 waarden de aksynzen wat ferlege en koe der sels wat jild fûn wurde om oan ’e ferwaarleazge iepenbiere wurken op it eilân bestege te wurden.
[bewurkje seksje] De Moderne Tiid (fan 1866 ôf)
Yn 1866 krige Man selsbestjoer en ûntstie de steatkundige sitewaasje sa’t dy hjoed de dei noch is, mei Man los fan Grut-Brittanje. Hoewol’t dat selsbestjoer yn ’t earstoan yn ’e praktyk noch net in soad foarstelde, boeken de Mansklju sûnt dy tiid in opmerklike foarútgong.
Yn ’e iere 20ee ieu wie der in oplibbing fan guon aspekten fan ’e Manske Keltyske kultuer, lykas muzyk en dûns, mar net fan ’e taal. Fan ’e ein fan ’e fjirtiger jierren ôf waard it toerisme foar de Manske ekonomy tige wichtich. Doe’t de Britske en Ierske toeristen oan it begjin fan ’e jierren santich nei Spanje en Frankryk op fakânsje begûnen te gean, soarge it Manske regear der mei in geunstich belesting- en ynvestearingsklimaat foar dat bedriuwen har op Man fêstigen. Mei’t dêrûnder in protte banken en oare finansjele ynstellings wienen, krige it eilân lykwols al rillegau te meitsjen mei korrupsje, fraude en wytwaskpraktiken.
Sûnt ’e sechstiger jierren wurdt de rop om folsleine ûnôfhinklikens foar Man hieltyd lûder. Fan ’e ein fan ’e tachtiger jierren ôf fynt der in nije oplibbing fan ’e Manske kultuer en taal plak.