Slach by Winkel
From Wikipedy
De slach by Winkel wie in fjildslach by Winkel, (West-Fryslân), dy't plakfûn yn 993 tusken it leger fan de Hollânse greve Arnulf, tsjin in West-Fryske legermacht.
[bewurkje seksje] Skiednis
De oanlieding foar dizze slach wie de machtshonger fan Arnulf nei mear lânbesit. Hy tocht tsjin de ynwenners fan Westflinge dy't net bestjoere waard troch in sintrale machtshawwer in ienfâldige oerwinning te helje kinnen. Yn 993 foel hy mei syn leger Westflinge yn en stuite by Winkel op in legermacht fan de Westfriezen.
Yn de slach dy't plak fûn dolle it leger fan Arnulf it ûnderspit en skeat hy sels it libben derby yn. De ferslagene koene my muoite fuoart komme. De frou fan Arnulf koe allinne mei stipe fan de kening it grêfskip Hollân foar har soantsje Diederik III behâlde.
[bewurkje seksje] Boarn
- D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 112.