Snitswike
From Wikipedy
De Snitswike is in evenemintewike dy't alle jierren de earste freed fan augustus yn Snits hâlden wurdt.
Yn dy wike wurdt der hurdsyld yn mear as tritich klassen. Alle dagen wurdt troch ferskate klassen op de Snitser Mar in wedstryd syld. Yn alle klassen wurde dan nei in tal deiwedstriden in klassemintswinner oanwiisd.
De Snitswike is de drokste tiid fan it jier yn Snits. Der wurde ek tal fan oare aktiviteiten organisearre yn Snits en om de mar, en jûns wurde yn Snits de oerwinnings fierd. Dit is dúdlik te fernimmen foar toeristen dy't sels net foar de Snitswike komme: ek bûten de wedstriden is it tige drok op it wetter, alle hierboaten binne ferhierd en hotels en kempings binne fol. It is sels sa dat de gemeente Snits in ekstra kemping opset foar allinnich de Snitswike, sadat eltsenien in plak te sliepen hat.
De twa hichtepunten fan de Snitswike binne de floatskou en Hurdsyldei. De freedtejûns foardat op sneon de wedstriden begjinne wurdt der in floatskou hâlden. Fan alle klassen dy't meidogge farre twa boaten troch de Snitser stêdsgrêften, mei foarop de earste fjouwer skûtsjes fan it Skûtsjesilen, at dat foar dy tiid beslist is. Hiel dy float fart dan tusken de taskôgers troch, begeliede troch muzyk en ferljochte mei fjoerwurk.
Hurdsyldei is de oarsprong fan de Snitswike. De earste hurdsyldei wie al yn 1814, mar earst yn 1934 waard de Snitswike deromhinne organisearre. Ek hjoed de dei is it, de woansdeis fan de Snitswike, it hichtepunt fan de silerij.