Stasjon Ljouwert
From Wikipedy
Stasjon Ljouwert is it wichtichste treinstasjon yn Ljouwert. It waard yn gebrûk nommen op 27 oktober 1863 mei de iepening fan it spoar Harns – Ljouwert. It wie de twadde troch de Maatskippij ta Eksploitaasje fan Steatsspoarwegen (SS) yn gebrûk nommen spoarline. Yn 1866 waard de line ferlinge nei Grins. It trajekt makke diel út fan de troch de Steat der Nederlannen oanleine Line B, fan Harns nei Nijeskâns (klear yn 1868).
Yn 1868 kaam ek de ferbining Swol – Meppel – It Hearrenfean – Ljouwert ta stân, wêrmei de Fryske Haadstêd in rjochtstreekse spoarferbining mei de rest fan Nederlân krige. It wie in part fan de yn 1865-1868 troch de Steat der Nederlannen oanleine Line A, fan Arnhim nei Ljouwert. De spoarline Swol – Ljouwert waard yn 1952 elektrifisearre.
It stasjon fan Ljouwert is ien fan de Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen, boud yn de jierren sechtich fan de 19e ieu.
Fan de fjouwer noch besteande stasjons fan it Type SS tredde klasse steane der trije oan de line Harns – Nieuweschans. Dit binne Harns (1863), Ljouwert (1863) en Winschoten (1865).
Oars as de beide oare stasjons, dy't noch foar it grutste part yn âlde steat ferkeare, is it stasjon fan Ljouwert letter yngeand ferboud. Yn 1890 kaam der oan de eastside in nije fjouwerkante oanbou, de sydfleugels waarden yn 1924 ferboud. Yngripender wie de fernijing fan it middendiel yn 1904. Op it plak fan it oarspronklike gebou kaam in hege nije hal mei in grut healrûn finster. Yn 2000 is it stasjon nochris ferboud en modernisearre.
De spoarline Ljouwert – Snits – Starum waard yn 1883-1885 yn gebrûk nommen troch de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij (HSM) as ûnderdiel fan de ferbining tusken Amsterdam en de Fryske haadstêd, fia de rûte Amsterdam – Inkhuzen – Starum – Ljouwert. Tusken Inkhuzen en Starum wie in feartsjinst oer de Sudersee.
As lêste waard fanút Ljouwert yn 1901 noch in spoarline yn noardlike rjochting oanlein. Dat waard de line fan de Noard-Fryske Lokaalspoarwei-Maatskippij (NFLS) dy't oer Stiens ferbinings fersoarge mei ûnder oare Dokkum. It lêste diel fan dit net (ek bekend as it Dokkumer lokaaltsje, de ferbining Ljouwert – Stiens, waard op 1 maart 1997 offisjeel bûten gebrûk steld, mar is noch net opbrutsen.
Sûnt 1991 leit oan it spoar nei Grins it Stasjon Ljouwert Camminghabuorren. Doe't dat stasjon iepene waard, betsjutte dat de ein fan it stasjon fan Fiskflyt yn de provinsje Grinslân dat oan itselde spoar leit. Stasjon Ljouwert Achter de Hoven is allinnich yn gebrûk foar spesjale gelegenheden. Der stoppet trije kear deis in trein. Tusken 2008 en 2012 sil Stasjon Ljouwert Werpsterhoek realisearre wurde oan de line rjochting Swol.
Fan Ljouwert út sille der yn 2006 treinen ride yn de rjochtings: Meppel – Swol, Grins, Harns, Snits en Starum.
[bewurkje seksje] Eksterne links
Berjocht:Boarne Berjocht:Spoarstasjons in Fryslân