Steedhâlder
From Wikipedy
Steedhâlder wie de titel fan de wichtichste funksjonaris binnen de Republyk fan'e Sân Feriene Nederlannen en de foargongers fan de Republyk. It wurd steedhâlder betsjut letterlik plakbesetter (Dúts: Statthalter), krektlyk as it út it Frânsk ôfkomstige wurd luitenant (lieutenant, 'lieu' = plak, 'tenant' = hâldend).
[bewurkje seksje] Rol fan de steedhâlder
Sûnt de 15e ieu oant de Frânske ynfal yn 1795 wie it steedhâlderskip in machtige politike funksje yn de Nederlannen.
Formeel besjoen oefene in steedhâlder it gesach út nammens de lânhear yn ien of meardere gewesten. Steedhâlders sieten yn de Steatsrie, koenen de gewestlike steaten byinoar roppe en sieten it rjochtskolleezje foar.
Yn de Midsieuwen wie der noch gjin sprake fan in dúdlike taakomskriuwing. Dit feroare yn de tiid fan keizer Karel V. Tegearre mei lânfâdes Maria fan Hongarije kaam hy mei in dúdlik pakket fan taken, benammen bedoeld om de ynfloed fan de steedhâlder te beheinen.
[bewurkje seksje] Steedhâlders yn de Nederlannen
Steedhouders spilen in grutte rol by de opstân yn de Nederlannen. Nei de Tachtichjierrige Oarloch wie de funksje fan steedhâlder oerstallich wurden, omt der gjin lanfâd mear wie en der dus gjin sprake mear wie fan plak besetten. Dochs waard faak besletten de funksje fan steedhâlder yn eare te hâlden (benammen as legeroanfierder) en faak nei oandringen fan de befolking. Fryslân hie (trochgeans fegearre mei Drinte en Grinslân) in eigen steedhâlder.
Nei it ferstjerren fan steedhâlder Willem II yn 1650 krige de Republyk fan'e Sân Feriene Nederlannen (mei útsûndering fan de gewesten dy't ûnder de Fryske steedhâlder foelen) it Earste Steedhâlderleas Tiidrek. Dit duorre oant 1672, doe't yn it Rampjier wer behoefte ûntstie oan in sterke lieder.
Yn 1702 (de funksje fan steedhâlder wie yntiids erflik ferklearre yn de manlike line ) stoar Willem III sûnder bern. Omdat der gjin opfolger wie, gie de Republyk (wer mei útsûndering fan de gewesten dy't ûnder de Fryske steedhâlder foelen) it Twadde Steedhâlderleaze Tiidrek yn. Oan it Twadde Steedhâlderleaze Tiidrek kaam in ein doe't hieltiten mear gewesten de Fryske steedhâlder erkenden. Fan 1747 ôf hie de Republyk foar it earst ien steedhâlder, Willem IV, dy't dêrfoar fan Ljouwert nei Den Haach ferhuze. Yn 1747 waard it steedhâlderskip ek erflik ferklearre yn de froulike line.
Oan it tiidrek fan'e Steedhâlders kaam in ein mei de ynfal fan Frankryk yn 1795.
[bewurkje seksje] sjoch ek
- List fan steedhâlders