Strontrace
From Wikipedy
De Strontrace is in sylwedstryd dy't sûnt 1974 elk jier holden wurdt. De start is yn Warkum, wêrnei't der stront ôflevere wurde moat yn Warmond en dan weromfarre nei Warkum.
De bedoeling fan de strontrace is sa hurd mooglik in pear sekken stront nei Warmond ta te ferfieren, hjir mei allinnich sylkrêft en hankrêft by brûkt wurde. By ûngeunstige wyn wurdt it skip lutsen troch te jeien of te boomkjen. Oan de strontrace meie allinnich historyske skippen meidwaan yn ferbân mei it histoaryske karakter fan de race, dêrom wurdt der benammen mei skûtsjes en tsjalken syld.
De rûte giet fan Warkum oer de Iselmar nei Amsterdam. Op it Bûten IJ, it IJ en it Noardseekanaal moat motore wurde ("op steam"). Dan kin de rûte op twa manieren ôflein wurde. De earste opsje is oer Amsterdam troch de Kostverloren Feart nei de Nije Mar en fierder de Ringfeart Haarlimmermarpolder ôf nei Warmond ta. De oare opsje is oer Spaarndam en Haarlim en dan de Ringfeart ôf nei Warmond. Nei it kearpunt yn Warmond moat omkeard wurde via it oare paad.
De race wurdt troch in soad minsken sjoen as de swierste race mei histoaryske skippen. Der wurdt nammentlik non-stop, dus dei en nacht, fard. It mei ûngeunstige wyn boomkjen en jeien ferget benammen in soad úthâldingsfermogen en fakmanskip.
De race wurdt elk jier holden yn de hjerstfakânsje, tagelyk mei it Beurtfear en de Fiskerijdagen.